Medium
Wikimedia-betsjuttingsside
"Medium" (meartal: media) hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings.
Etymologysk komt it wurd fan it Latynske medium, dat "de midden" betsjut. In medium is dêrmei in drager of oerdrager fan it ien of oar.
- medium (gegevensdrager), in drager fan gegevens of ynformaasje yn it algemien
- medium (kommunikaasjemiddel), in kommunikaasjemiddel yn it algemien
- medium (biology), in fiedingsboaiem foar in baktearjekultuer
- medium (floeistof), in floeistof dêr't men oaljeferve mei fertinnet
- medium (keunst), de manear fan in keunstner om syn of har keunst oer te dragen (bygelyks yn 'e foarm fan skilderijen, byldhouwurken, ensfh.)
- medium (natuerkunde), in drager fan weagen of matearje
- medium (persoan) (ôfwikende meartalsfoarm: mediums), in persoan mei in paranormale jefte ta kommunikaasje mei de geastewrâld
- medium (taalkunde), in tiidwurdsfoarm dy't foarkomt yn û.m. it Latyn en it Gryksk: in tuskenfoarm tusken bedriuwend en liedend
- Medium (tydskrift), in tydskrift fan 'e fakulteit kommunikaasjewittenskippen fan 'e Universiteit fan Amsterdam
- Medium (tillefyzjesearje), in Amerikaanske tillefyzjesearje oer it medium Allison DuBois, spile troch Patricia Arquette
Dit is in betsjuttingsside, bedoeld om ûnderskied te meitsjen tusken ferskillende siden mei de namme Medium.
Op dizze side stean koarte beskriuwings fan de ferskate siden, mei keppelings dêrhinne. At jo hjir belâne binne fia in side op de Wikipedy, dan kinne jo dêr de ferwizing nei dizze side oanpasse, dat takomstige lêzers fuort op de goede side telâne komme. |