Meidogger:SK-luuut/Fryske gedichten

By d'ein fen de Njuggentjinde Ieuw.

bewurkje seksje

FEN
T. VELSTRA.

De njuggentjinde ieuw dy rint nei d'ein;
Yet efkes en de klok hat toalve slein,
En it is út, 't is dien, hja leit yn 't neat
Dy njuggentjinde ieuw, mar 't is yn 't great
Hwet hja ta stân brocht, my ljeave ginste
Ho'n flecht naem net de Wittenskip en Kinst
Tink oan de Steam, en Electriciteit....
It meast by oarremem, en oarreheit
Sa ûnbikind, as ús de takomst is.
't Scil for de neiteam, yn de skiedenis
To lêzen wêze, hwet oer 't algemien
Der tocht en útfoun, makke is, en dien.
En men scil romje op dy forljochte tiid
En bliid en tankber wêze, wiid en siid,
De swiete fruchten ploaitsje kinnen, fen
De ieuw, dy wy nou strak fordwinen sjen,
O, njuggentjinde ieuw lit ús alsa
Yn Frysklâns tael, en hjir op Frysklâns groun,
Us tinzen oer dy jaen, op âldjiersjoun!

De klok scil slaen, de ieuw is fol,
En 't lêste wird dat is "farwol!"
En 't earste "wolkom!" sa dat wis,
By alle gean , en kommen, is.

De ieuw is fol, hwet hat hja brocht?
Yn o sa folle dingen ljocht:
Ta net en sein' en fen 't algemien
Is oer hiel d' ierde, in hopen dien.

Mar ek waerd troch dat nije ljocht,
Der mannichien, yn ûnrêst brocht;
Sa 't flinters om it lampljocht flean',
Seach men der gûds hjar paed hjir gean.

By oaren, op in tsjust're wei,
Kaem 't ljocht, en 't waerd by hjar wer dei.
Sa joech dizz' ieuw , hjar foar en tsjin,
Lyk as wis eltze tiid birin.

As wy sa tinke oer al it nije,
Troch dy forljochte ieuw hjir boud,
Den kin't altiid, gjin sprekken lije;
Men tinkt den faek oan klettergoud.

Men woe de frijheid, wier it sizzen,
En och men seach hjir dei oan dei,
Sa follen hjar oan bannen lizzen,
Men folge freamde moden nei.

Karakter teane, hwer wy binne,
In man in man, in wird in wird,
Dat is de wei, dêr moat it hinne,
Yn d'âlde ieuw gie dit net hird.

Men klage oer 't karakterleaze,
Oer o sa folle skandlik dwaen,
En alles moast mar yn de kreaze,
Men wist in tige swee to slaen.

En hopen troch lossinnich wêzen,
Forlearen sounheid, jild en ear,
Ho folle briek mei it lêzen
Yn 't hillig boek, en leauwe n't mear.

Sa hat it nije ljocht forstjust're,
Fortsjuster yet noch hjoed de dei,
En mannichien, dêr troch forbjust're,
Fordwaelde op syn libbenswei.

Men hâlde in fredesconferentie,
Ho eal bitocht , mar foart dêr nei
Wier 't oarloch, is dit consequéntie?
It skeelt sa folle as nacht, en dei.

De Dom, nijs preëken: "frede op ierde"
En hwa in beest wreedaerdich sloeg,
Dy moast ta straffe der for bliede,
Om 't heger macht dy oarders joech.

En minsken waerden er op roppen,
Om minsken to formoardsjen, foi!
Dy stimme kaem der ek fen boppen,
Tink hjir oer nei 't hat skik noch roai!

Och tink ris, ho dy memmen skrieme,
Om ljeave soannen, o 't docht sear!
Hwet is 't for treast, dy tsjin har klieme
"Hja binne stoarn op 't bêd fen ear".

Né, moast ik it slachfjild doopje,
'k neamde it net it bêd fen ear,
Mar it bêd fen skoaf en skande
'n greate grouwel for de Hear!
't Bêd fen skildleas bloedforjitten,
't bêd fen pine, rou en smert,
't Bêd fen rouwe ûnminsklik heden,
dat yn neat syn wjirgea het.
't Bêd fen sleafske moardernijen....
mar genôch, 'k bid ynlik tear:
"Nije ieuw, och jow ús frede,
nije ieuw, gjin oarloch mear!"

Wylst yn kâlde winter dagen,
jier oan jier der hinne gie,
En de fjilden faek biditsen
binne, mei in tekken snie;
Mei dat elts in byldnis wêze,
by sjin litten, en syn dwaen;
Om stees op dat byld to lêzen:
"ien kear scil dyn deaklok slaen."

Lokkich, dy den sizzen kinne,
't wâldske oerwirk dat bliuwt stean;
Mar ik brûkte it sa 't bihearde,
'k makke 't sels ek net oan 't gaen.
Nea hab ik myn tiid formoezze,
'k die my plicht, tsjin jong en âld,
En, hab neat mear goed to meitzen
ik bin lyk, mei hiel de wrâld.

Tinke wy sa oan de oarloch,
oan Transvaal en Ingelân;
Oan dat lijen, dêr biwirke
hiel en al, troch minsken hân;
Aeklik wirdt it ûs to moede,
sjucht men sa de ûnskild slaen,
Hwet moat Chamburlain in wroeging
habbe oer syn heistlik dwaen,

Achting, earbied, bûgje, bidde....
wirden, dy elstien forstiet;
En wy tinke oan al dat jinge,
boppe ús is, en boppe ús giet.
Mar hwer blieuw wy mei dy wirden,
tinke wy oan ear, en rjucht;
Wylst ús each, nei 't divelseilân,
en op Dreyfus skiednis sjucht.

Moart en brân, en dieverijen,
fâlskens yn geskriften, en
Teffens romje op de forljochting;
finzenissen bouwen sjen
En forgreatsjen; lit ús swije....
mar 't is wier, hwet sterker ljocht,
Der troch ek hwer sterker skâlden,
út it kwea, it goe' stees socht.

Earme minsken, is de winter,
faek, en folle ta in pleach,
Folle, o sa folle lije,
as men alles mar ris seach.
Lykwols is der ek wol lijen,
- en wy leauwe by de bult -
Fen dy sels bikinne moatte:
"'k lij, mar 't is myn eigen skuld."

Goed dwaen, o dat wird is Himelsch!
goed dwaen, yn it hûs fen smert,
'n Lijen minske lokkich meitse,
is sa swiet for 't eigen hert.
Dat de nije ieuw ús bringe,
lok en seine algemien,
Nearne brekme, nearne lijen
bûgjend mei elkoar for IEN!