Meidogger oerlis:Theun/Argyf4

Lêste reäksje: 16 jier lyn troch Swarte Kees by it ûnderwerp Peazens

Earder argyf, neikommend argyf

kategory's

bewurkje seksje

Môj Theun, ik was begonnen met het doorvoeren van een kategory structuur (bestaand !) met de trefwoorden: stêd yn <provinsje> en de kat: Nederlânske provinsje, nu kom ik daarnet een andere structuur tegen: (ook bestaand !) die spreekt over: plak yn <oerheed> en de kat: Oerheden yn Nederlân, beide zijn bestaand, maar niet volledig, ik denk dat het verstandig is om één structuur te handhaven, welke wil je dat ik compleet maakt? die van plakken en oerheden of die van stêdten en provinsjes? Henk K 23 jul 2007, 20.08 (CEST)Beäntwurdzje

Omdat wy lang safolle siden net hawwe as :nl is it net logysk om no fuortendalik de struktuer fan :nl oer te nimmen, dan binne der gau tsien kear safolle kategoryen as siden. Bygelyks der binne mar 2 siden dy't mei de provinsje Utert te krijen hawwe (stêd en provinsje) en der binnen no al mear kategoryen. No is der net sa'n protte oandacht west foar de kategoryen oant no ta. Ik soe leaver in kategory per provinsje hawwe dan "kin dat letter altiten wer split wurde yn Plak yn provinsje, Wetter yn provinsje ensfh. Theun 23 jul 2007, 20.22 (CEST)Beäntwurdzje
Eltse side hoecht neffens my net yn syn eigen kategory te sitten. Greefskip Loon kin neffens my best yn de kategory Greefskip yn de midsieuwen sitte (en net yn kategory:Greefskip Loon, of wêrom hiet dy kategory net gewoan Kategory:Greefskip, liket my in folle makliker struktuer op te leverjen. Theun 23 jul 2007, 20.28 (CEST)Beäntwurdzje
Ik zou het volgende voor willen stellen: <land / provincie / stad / geschiedenis>, Henk K 23 jul 2007, 20.56 (CEST)Beäntwurdzje
  1. Kategory:Jeropa
    1. Kategory:Nederlân
      1. Kategory:Nederlânske provinsje
        1. Kategory:Fryslân
          1. Kategorie:Skiednis fan Fryslân
          2. Kategory:Stêd yn Fryslân
    1. Kategory:Nederlân
      1. Kategory:Stêd yn Nederlân


    1. Kategory:Nederlân
      1. Kategory:Skiednis fan Nederlân
        1. Kategory:Skiednis fan Fryslân
          1. Greefskip Fryslân
          2. Greve fan Fryslân


  1. Kategory:Skiednis
    1. Kategory:Midsieuwen
      1. Kategory:Fjildslach yn de midsieuwen
      2. Kategory:Greefskip yn de midsieuwen
        1. Kategory:Greefskip Fryslân
          1. Greefskip Fryslân
          2. Greve fan Fryslân
  • naar beroep of titel ??
  1. Kategory:Titel ??
    1. Kategory:Vorst
      1. Kategory:Greve
      2. Kategory:Hartoch
De vraag is dan wat is de voorkeur: stêd of plak, en oerheid of provinsje? Henk K 23 jul 2007, 21.07 (CEST)Beäntwurdzje

Bêste Theun,

Sjoch Wikipedy oerlis:Parseberjocht

Groetnis Kening Aldgilles

Nije meidoggers

bewurkje seksje

Bêste Theun,

Ik koe eartiids ek net flaterfrij Frysk skriuwe en hoopje dat it no al better is. No binne der guon't dy't wol sa healbekkich Frysk skriuwe, dat ik net mear wit wat ik no krekt dwaan moat. Hja sille grif mei de bêste yntinzjes meidwaan oan it Fryske wiky projekt, mar oft se mear skea as goeds bringe soene wy as behearders wat dwaan moatte. Meikoarten set Edufrysk (in digitaal projekt fan de AFûK) út ein. Wy moatte foar net Friezen dy't it Frysk net behearskje dochs in minimum eask hawwe om mei te wurkjen oan dizze wiky? Ik kin ommers ek net meidwaan oan de Italjaanske wikipedy sûnder Italjaansk skriuwe te kinnen?! Ik tink der no oer nei om guon siden gewoanwei te wiskjen, en do silst it der faaks net mei iens wêze, dat jou efkes lûd asto der wer bist. Hawar, ik sil fierder. Groetnis Kening Aldgilles

Portaal East-Fryslân

bewurkje seksje

Eala,

Ik haw út ein set mei in nij projekt; Meidogger:Kening Aldgilles/portaal:East-Fryslân. It stiet noch net op 'e haadside. Ik tink dat it goed is dat der út ús Fryslân wei mear omtinken foar de oare Fryslannen komt. Foar East-Fryslân hawwe wy no in aardich begjin. Der is in list mei histoaryske persoanen en histoarysk barren. Asto wolste kinst meidwaan oan dit projekt. Groetnis Kening Aldgilles 31 july 07 22:48 CET

Tankje wol foar dyn andert. Ik sit net yn noed wat it Frysk oanbelanget. Koartsein, skriuwtaal oan sprektaal oanpasse, inkeld as de sprektaal Frysk is. Spitigernôch meitsje de minsken mear brûkme fan amtlik Nederlânsk, en dat is ferkeard! Lês dizze ferwizing earst goed; media Frysk. Soe sa'n tekst fan belang wêze kinne foar dizze wikipedy? Kening Aldgilles 13 aug 07 - 1400 CET

Beintema

bewurkje seksje

Goeie Theun, De ynformaasje oer de famylje Beintema haw ik op ynternet fûn, ek op de side fan Tresoar. Ik kin jo spitigernôch net helpe oan stambeameftige ynformaasje en sa. Groetnis, Swarte Kees 14 aug 2007, 08.15 (CEST)Beäntwurdzje

Myn boarne is de Wandelroute 45. Westergeest - Kollumerzwaag. Yn it Nederlânsk dus. Jo fine it ek troch Googeljen mei: "Beintema (Eecke " De site hjit http://www.historischepaden.nl Hooplik kinne jo dit sa fine. Groetnis Swarte Kees 14 aug 2007, 17.38 (CEST)Beäntwurdzje

Tanzania

bewurkje seksje

Bêste Theun,

Kinst de oare kear it berjocht:stavering op 'e side sette asto net alles oersetst? Sjoch mar yn 'e skiednis fan de side Tanzania, do hast in protte fergetten oer te setten.

Kening Aldgilles

Hm.. Yn dy tabel mei stêd mei dat regeltsje derfoar wie ik gewoan fergetten. Fierders binne it gewoan in pear flaterke's en saken dy't oars skreaun wurde kinne. It nederlânske Vice is oars Fice neffens it wurdboek en net Fise!!! En ik snap neat fan hoe at jo partsje brûke. Dit moat dochs parte wêze?
Jo sizze dochs ek net. Doe it spul dêr bringe waard. mar Doe it spul dêr brocht waard. As bin ik no gek.
Ik tocht dat lea it meartal wie fan leden, doocht dat net?
55 leden waarden keazen fan Sansibar en Pemba, is dat better as op? Moat it dan ek net fan it fêstelân wêze.
Sjoch ik wol der wol standert it berjocht stavering opsette at ik ea wêr ris wat oerset, dogge jo dat dan ek. Theun 14 aug 2007, 23.52 (CEST)Beäntwurdzje
Dat mei Fice ynstee fan Fise soe wol kinne, ik ha it wurdboek net rieplachte. Dat mei partsje hasto rjocht, yn myn fluggens in flaterke makke. Der ûntbriek frijwat oan dy side, dat woe ik dy efkes gewaarwurde litte. Ik hoopje net mei al tefolle lilkens. Kening Aldgilles 15 aug 2007, 11.19 CET
No, toe dan mar, dan sil ik der ris oer tinke om noch ris in artikel oer te setten ;).
Ik moat ek net sa let op bêd, dan haw ik myn nocht.
Ik siet wat mei dy tabel te kloaien, wat dy regio's mei haadstêden oanbelanget tink ik dat wy gjin belang by aparte siden hawwe oer dy regio's en de stêd wêr't dan net folle mear yn stiet dat de haadstêd by dy regio heart. Ik sil it noch wol ris wat oanpasse. Theun 15 aug 2007, 12.13 (CEST)Beäntwurdzje

Hindrik ten Hoeve

bewurkje seksje

Goejûn Theun, ik lies krekt jo oerlis mei Bauke oer Hindrik ten Hoeve. It bysetten fan FNV hat neat mei B. te krijen, de partij is der op ien oft oare reden efter rekke, mar heart dêr net. Ik sil in werneaming brûke.Groetnis,Swarte Kees 17 aug 2007, 18.49 (CEST)Beäntwurdzje

Oanmaak nije Argyfside

bewurkje seksje

Moarn Theun, By it iepenjen fan myn side Oerlis krige ik in Waarskôging ( it heucht my net dat ik yn't waar sjoen ha..) dat de side fol wie, en der dus in ferfolchside komme moat. Dat slagge oant no ta net, mar ik seach dat jo dit alris by't hantsje hân hienen. Kinne jo my útlizze hoe't soks moat? Groetnisse, Swarte Kees 18 aug 2007, 10.39 (CEST)Beäntwurdzje

  • Jûn Theun, Tige tank foar de wiidweidige útlis oer it argyf útwreidjen. No wie ik der fan útgien dat alles der altyd op stean bliuwe moast om it letter weromfine te kinnen. Mar it is krekt as mei alle bewarjen: at je der neat mei dogge kin it better oprêden wurde, oars komt men om yn'e rommel en ferliest it oersjoch. Ik sil dus earst mar ris oan it skiften. Groetnis,Swarte Kees 18 aug 2007, 21.39 (CEST)Beäntwurdzje

wetters

bewurkje seksje

Jûn Theun, Hiel wat punten om 'efkes' oerlis oer te hawwen:

  • Oer dy wurdsjes De It en Et, haw ik hiel wat ôfgriemd.

-De alfabetisearring mei der net troch ûntregele wurde, dan binne de nammen net te finen. -Ik ha se der earst efter setten lykas Leien, De- mar dat is wer hiel ûnhandich by de linkjes .... yn in tekst dêr't se komme te stean. (it bliuwt in leierij dus..)

  • De list is deselde list as dy't de Provinsje útjûn hat. Soks stiet ek boppe-oan de side. Jo hienen my dat earder alles oanrieden. En lit yn dy list no krekt de Krûme beneamings stean út de Stellingwerven.

Mocht ien en oar better kinne, jou it dan graach oan of feroarje it. Ik bin op't lêst ek gjin deskundige. Ik ha de offisjele list ek sjoen as echt offisjeel en der dêrom oant no ta neat oan feroare.

  • It oanhâlden fan me foar marren like my handich ta foar minsken dy't it op de kaart opsykje wolle. As de Wikipedia ma oanjout en it boek me is soks betiizjend. Mar ik bin it mei jo iens: eins soene der plaatsjes by moatte. Mar soks is wol in hûdfol wurk.

Sa sjogge jo mar wer, is der einliks in offisjele list, dan binne der altyd wer redenen om dêr wer fan ôf te wiken. Mar yn oerlis kin fansels alles... Groetnis, Swarte Kees 20 aug 2007, 20.16 (CEST)Beäntwurdzje

Stellingwarfske nammen foar Fryske wetters

bewurkje seksje

Jûn, Theun, jawis hie ik jo oerlis oer de nammen wol lêzen. Ik lit jo hielendal frij om de nammen oan te passen, blykber is dat lêstendeis net hielendal goed oerkomd. Ik ha net sa bot in miening oer hokker namme wy brûke moatte. Wy hawwe it doe al hân oer de 'offisjele list', en dat dy ús no parten spilet. Der steane trouwens ek wolris nammen op de offisjele list dy't net yn myn atlas werom te finen binne, al stean de bledsiden der dan wol by.. Mochten jo noch dûbele wetternammen oanrinne, hâld jo net yn: pas se oan. Twa witte op't lêst altyd mear as ien. Groetnis,Swarte Kees 25 aug 2007, 21.10 (CEST)Beäntwurdzje

Minske

bewurkje seksje

Dat is al in hiele ferbettering, mar is it net in wat te grutte stap fuort fan de skepen minske? Ik sis net dat it iene wier is as it oare, mar ik leau it wie better at de side dat ek net die. Mysha

Sa at jo miskien al sjoen hawwe hiene sawol ik as Aliter wat opmerkings oer de side sa at dy troch Jurjen makke wie (dy't hjir fierders noch nea wêr op ús wiki wat dien hat). Ik hie it idee dat de side sa't dy no wie allinnich foar de die-hard kreationisten in betrouber ferhaal foarme en dat de measte Kristenen ek net it idee hawwe dat dizze wrâld 6000 jier âld is (Hoewol dit leauwen neffens my wol liket ta te nimmen).
Ik hie sels net safolle nocht om hjir mei oan de gong, safolle haw ik my hjir ek nea yn ferdjippe. Ik hie de hope dat it fandalisme fan de anonym miskien reden wie om dit frij kleurde ferhaal fan Jurjen wat oan te passen.
Wat de skepen minske oanbelanget, ik haw net neat taheakke dat giet oer it ûntstean fan de minske troch evolúsje, skepen troch god of in oar iets. Wat dat oanbelanget haw ik it dochs frij neutraal hâlden ;) Theun 29 aug 2007, 18.00 (CEST)Beäntwurdzje
Nee, dat part foar de dreech-stjerrende kreasjonisten stie der net mear, soe ik sizze. It wie wat nuver opdield, mar der stie wat oer de bibel en wat oer de evolúsje. At wy der dan "De minske is in bistesoart" fan meitsje, dan hawwe wy krekt dy iene richel yn "Oer de oarsprong fan de soarten", dêr't de tsjerke sa'n krityk op hie. Mysha
Ik haw de On the origin of species wolris lêzen, is efkes ferline mar ik miende net dat dêr ynstie dat de minske fan de aap ôfstamme. No wie dat úteinlik wol de konsekwinsje fan de teory mar goed.
Ik wit net of wy der hjir nei stribje moatte om siden te hawwen wêr't alle minsken bliid mei binne en gjin krityk op hawwe. It is tink ik fan belang dat de ynhâld fan dit soarte fan siden safolle mooglik de hjoeddeiske akseptearre wittenskip folget tink ik. Wy binne gjin fryske ferzje fan de Conservapedia. Theun 30 aug 2007, 18.41 (CEST)Beäntwurdzje

Stobbe - Geografy

bewurkje seksje

Bêste Theun,

Ast in biografy skriuwe wolst oer in persoan, of in side fan in begryp oanmeitsje wolst, dan kin it mei mear as fiif rigels wol ta. By siden fan lannen sjoch ik dat oars. Wy wolle ynformaasje fan in hiel lân op ien side ha. Dan moat der wol wat ynformaasje stean. Nei myn betinken moatte saken lykas demografy, skiednis en geology de grûnslach wêze fan sa'n side. As dat der net op stiet, en dat ha wy dus net, is de side net folslein en set ik der in stobbe op. Fansels sil ik dêr ek mei dwaande. As dizze trije saken op sa'n lânside stiet, helje ik de stobbe derôf.

Mei freonlike groetnis, Kening Aldgilles 30 aug 07, 00:23 CET

Stavering kategory'en

bewurkje seksje

Dei, Theun. By de "bysûndere siden" steane

  • 13 Kening fan het Hillige Roomske Ryk = it (het)
  • 14 Hoekske en Kabbeljauwske twisten = Kabbeljauske
  • 15 Haadkatagory == Haadkategory
  • 16 Greefskap in midsieuwen = Greefskip yn de Midsieuwen
  • 17 Greefskap Hollân = Greefskip
  • 22 Fjildslachen = Fjildslaggen
  • 23 siden mei in soad stavering flaters = staveringsflaters
  • 24 20 Ieu = 20e Ieu

Sels kin it net feroarje, der stiet net in ljepblêd mei wizigje boppe. Mar soene jo kâns sjen om dit te ferbetterjen? Groetnis, Swarte Kees 31 aug 2007, 14.09 (CEST)Beäntwurdzje

It wie efkes sykjen wat jo bedoelden mar dat wiene de Lege Kategoryen nim ik oan. Dit binne kategoryen mei in ferkearde stavering dy't al ris leechhelle binne en dus net mear brûkt wurde (troch op de siden dy't dy kategory brûkten in kategory mei oanpaste stavering te brûken). Dizze lege kategoryen moatte nochris fuortsmiten wurde. Ik tink dat ik dat aanst wol efkes opromje. Theun 31 aug 2007, 17.21 (CEST)Beäntwurdzje
Dank foar de oanpassings. Noch wat oars: Boppe-oan ferskate siden stiet de rigel: De neikommende gegevens komme út de bewarre ynformaasje, dizze is it lêst fernijt op 31 aug. No steurt my de t fan "fernijt", dat soe "fernijd" wurde moatte (dielwurd). My ûntbrekt de tagong om soks te dwaan. Sjogge jo dêr ek kâns ta? Groetnis, Swarte Kees 31 aug 2007, 20.00 (CEST)Beäntwurdzje
Dizze teksten steane by de Wikiberjochten, sis mar de systeemberjochten dy't op alle siden dêromhinne steane, en flatermeldingen ensf. Dizzen binne allinnich troch Behearders oan te passen. Dus dat moat my wol slagje.
Ik haw myn eigen flater no oanpast. Yn it begjin hawwe Aliter en B. hjir wol drok mei dwaande west en dy hiene de details fan de stavering dochs wat better yn de macht. En ik bin sa út en troch ek wol wat sloardich. Dus at jo noch is wat tsjinkomme of earne is in ingelske tekst te sjen jou it efkes troch. (It programma wurdt hieltiten oanpast en útwreide dus der komme wol gauris nije teksten by, dy dan fansels earst yn it ingelsk te sjen binne). Theun 31 aug 2007, 20.54 (CEST)Beäntwurdzje

Hei hei

bewurkje seksje

Hallo, I speak german and english so I havent understood your messege, some helped me to translate to fy ;-)--Dochmer 3 sep 2007, 23.43 (CEST)Beäntwurdzje

Well, i think its more like a fan campaign. Sorry I dont speak frisian very good. As I readed Balder is german and spanish, so its said, we can consider him both. The books of arminius (I like them very much) are a very germanic histori, with frisian people too, as I remember, they were familiar of the cherusker, isnt thrue? I used the form of Harry Potter article for Curdy simply because I dont speak frisian. The books i think are beginning to be translated, as they were sold rights at Frankfurrt book Fair, so I readed on the web, and may be the article of spanish was completed with information of people of the web. I think he is too or was dedicated to painting, so the web sites of some art galleries of Spain. I readed about the success of rights sold and the publisher of Balder in Nederland is Uitgeverij De Fontain, publisher Van de Leur, may be you can ask them if they are gonna translate the books of Balder. They should know sure. Nice to meet you! If I can help you, so tell me --Dochmer 14 sep 2007, 18.01 (CEST)Beäntwurdzje

Statistiken

bewurkje seksje

Jûn, Theun. Begjin dit jier is de Haadside fernijd en in stik opknapt, moai dien. Dêrfoar wie der lykwols ek in aardige side ûnder Wikipedy Aktueel mei de namme "Statistiken" mei grafiken en tabellen oer de Wikipedia. De side liket ferdwûn, ik seach him teminsten net mear stean. Dochs wurde de tabellen en grafiken noch byholden, (fia Haadside-Skiednis en dan bg. desimber 2006 binne se noch te besjen). Is dy side noch fia de gewoane wei te besjen? By Bysûndere Siden stiet wol in gearfetting mar dat is wat oars. Groetnis, Swarte Kees 18 sep 2007, 19.16 (CEST)Beäntwurdzje

It doel wie fansels ek de Mienskipside wat op te knappen (sjoch Wikipedy:Mienskip/Nije_Opset), der haw ik it stikje Aktueel doe by set. Hjir stean neffens my noch wat siden op dy't net mear aktueel binne. De statistiken binne dat fansels noch wol, hoewol se yn juny foar it lêst bywurke binne. Miskien is it better en set de ûntbrekkende siden op de mienskipside derby? In nije opset is miskien wat tefolle wurk op it stuit, jo moatte dêr fansels wol nocht oan en ynspiraasje foar hawwe. Theun 18 sep 2007, 21.52 (CEST)Beäntwurdzje

Nospam

bewurkje seksje

Thank you, I didn't know the proper name. Drini 20 sep 2007, 21.57 (CEST)Beäntwurdzje

Stavering tiidwurden

bewurkje seksje

Moarn Theun, De doetiid fan bliuwe is bleau en it mulwurd is yndie (bin)... bleaun, ek neffens it hânwurdboek 1984 fan Zantema. Jo hawwe gelyk, it is hjir net as mulwurd brûkt. Sels brûke wy (en earder thús ek) altyd bleaun yn de doetiid. It brûken fan bleau is my dan ek net eigen. Wierskynlik wurdt op de klaai en noardeast-Fryslân (?) wol altyd it standert-Fryske bleau brûkt foar de doetiid. Sa sjogge jo mar, men kin net altyd útgean fan it taalgefoel. Ik sil de feroaring weromsette. Groetnis,Swarte Kees 29 sep 2007, 11.14 (CEST)Beäntwurdzje


Ek goeie,

bewurkje seksje

Jim jouwe hjir en dêr oan dat der wol ferlet is fan lju dy't it Frysk goed yn 'e macht ha. Ik leau - yn alle beskiedenheid - dat ik dêr ien fan bin en wol hjir of dêr wol wat stikken neisjen. It sil myn ûnnoazelens wol wêze - of ik ha al in pear dagen in black-out - mar ik kin nearne emailadressen fan jim as behearders gewaarwurde en it slagget my ek net om fan dy moaie ikoanen oangeande taalbehearsking by myn eigen namme te krijen. Dêrom lit ik dit berjocht hjir mar efter. --romke fan tomke 30 sep 2007, 14.48 (CEST)Beäntwurdzje

Dei Theun,

bewurkje seksje

Ik haw, om't ik seach dat der in side kompaktskiif en in side kompakte skiif binne de tekst fan Aliter meinaam yn de nije kompaktskiifside. Ik haw de keppelings mei de side fan Aliter neirûn en oerset. Ik haw ek de robot keppelingen kopiearre. No haw ik in fraach oan jo. Is it mooglik om yn ienkear yn de robotferwizings - fanút de oare talen wei - it begryp kompakte skiif yn kompaktskiif om te setten? Ik haw al in pear omset mar sa komt der gjin ein oan. Yn 'e Wâlden 4 okt 2007, 16.15 (CEST)Beäntwurdzje

Ik haw de side fan Aliter pakt en werneamt ta Kompaktskiif en jo oanpassings derynset, sa is der wêr ien side ynstee fan twa hast deselde, Kompakte skiif ferwiist no nei Kompaktskiif.
Om dit op de oare wiki's oanpasse te litten troch in robot soe miskien kinne mar ik haw my der noch nea mei dwaande hâlden. Derbinne ferskate meidoggers fan oare wikipedyen dy't ek op fy in bot bestjoere jo soene dy ris freegje kinne, en oars komt der fansels wolris oan de beurt. It is fansels ek net sa dat de âlde earst steanbliuwt, troch de ferwizing komme se dochs op Kompaktskiif út. Theun 4 okt 2007, 20.50 (CEST)Beäntwurdzje

Behear en skoalle

bewurkje seksje

Hallo, Op myn oerlisside stiet ek al in fraach of ik der ek ferlet fan haw om behearder te wurden. Mar it is krekt sa't it doe wie: ik sit hjir op skoalle; ik doch dit allinnich at der tiid oer is en de bern neat freechje. Dat, doch mar net. Mysha

bewurkje seksje

Ik ha in nije side oer brassbands makke (hiel beskieden, hear) en de wiky neirûn op wêr't it wurd brassband foarkomt en op dy plakken in link oanlein. No freegje ik my ôf oft dat al of net oerstallich wurk is. Giet soks nei ferrin ek automatysk? --romke fan tomke 6 okt 2007, 19.36 (CEST)Beäntwurdzje

Ik fyn de side al hiel aardich. De ferwizings op oare siden wurde net automatysk oanmakke. It hinget fansels ek in bytsje fan it ûnderwerp en de tekst fan in side ôf hoefolle ferwizings je dêr meitsje wolle, eltsenien sil dêr syn eigen foarkar foar ha. Je moatte neffens my it idee hawwe dat sa'n ferwizing wat taheakket oan dy oare side. Dat is yn jo gefal fansels wol it gefal, mar by hiel algemiene ûnderwerpen sa as bygelyks man, frou, houlik, bern foeget it net in hiele protte ta en meitsje op eltse side wêr't dy wurden neamt wurde in ferwizing.
It soe miskien wol mooglik wêze en doch soks automatysk, dan moatte je in bot (in soarte fan programmaatsje) oanmeitsje en bestjoere/ynstruearre om soks te dwaan. Ik liuw net dat yn fan de meidoggers op :fy himsels deryn ferdjippe hat en dêrmei oerwei kin.
Wat faak wol automatysk giet binne de ynterwikis. Dat binne de ferwizings nei de side oer itselde ûnderwerp yn oare talen (links ûnder te finen). Swarte Kees hat dy dêrby set, en ik sjoch dat Bouwe Brouwer dy de side fan fy: (fryske wikipedy) op de nederlânske derby set hat. At dit ien kear dien is dan wurdt dit faak troch bots automatysk by de tiid hâlden op alle talen. Theun 6 okt 2007, 20.20 (CEST)Beäntwurdzje
Ik bin wat allergysk wurden foar techniken en koades. As grafysk foarmjouwer wurke ik in jier as tweintich lyn mei allinnich boppe-yn it skerm in koördinate-oanwizer sadat ik sjen koe wêr't myn kreatueren op papier sawat bedarje soene. Ik bin o sa bliid dat ik dêr mei de techniken fan hjoed-de-dei ôf bin. Dus dêr moatte no mar oare lju oer gear. It neirinnen fan de Wiky op beskate wurden is no noch wol te dwaan, mar op termyn - tip foar de techneuten - soe it yndied wol aardich wêze dat sa'n bot dan de hiele saak begjint oan te passen. it liket my in like nuodlik aventoer as de syk-en-ferfang-funksje yn it Office-pakket fan - de man hie nea bestean moatten - Bill Gates. Mar goed, by in útdijende Wiky sil it faaks net oars kinne en moatte. Likgegoed tank foar it antwurd. --romke fan tomke 6 okt 2007, 20.40 (CEST)Beäntwurdzje
Ik bin foar myn wurk al die hiele dei dwaande mei kompjûter programmaatsjes te meitsjen en oan te passen. De lêste tiid haw ik dan jûns net safolle nocht mear om my dêr de kop oer te brekken. It moat fansels ek in bytsje ûntspanning bliuwe. Ik sit dan ek net de hiele jûn achter dat ding. Theun 6 okt 2007, 20.46 (CEST)Beäntwurdzje

Nije rjochten

bewurkje seksje

Jûn Theun, ik haw sjoen dat Jelle en ik no behearder wurden binne. Wat is der no feroare? Ik sjoch dat ik in side skoattele kin en wiskje. Ik nim oan dat wy wiskje allinne brûke wurdt foar de list mei wiskwarskogging of't as ien in ûnsin artikel oanmakket hat en fuortendaliks wiskje. Wy kinne in side skoattele, dan kin gjin ien der noch wat oan feroarje en dan haw we slut ut. Wat dit leaste oanbelanjend derfan moast my noch mar efkes fan útlizze wat dit ynhâld.--Geoffrey 10 okt 2007, 21.49 (CEST)Beäntwurdzje

Mei it útsluten fan in meidogger as IP-address kinst ast bygelyks sjochst dat ien dwaande is mei it fernielen fan in hiele bult siden de fandalist fuortendalik blokkearre sadat hy neat fierder ferniele kin. Brûke we hast noait. Hiel út en troch at in fandalist yn de rin fan in pear dagen hieltyd wêr wat fernielt. Dan kinst him bygelyks in wykje blokkearre sadat hy miskien nei in wike fergetten is dat hy der aardichheid oan hie hjir de saak te fernielen. Hâld der ek rekken mei dat IP-addressen fan skoallen faak troch in bulte oare minsken brûkt wurde, dy wolle we fansels net te lang dwarssitte want dy minsken sjogge dan wol in útslútmelding yn harren skerm wylst se der neat mei te krijen hawwe.
Fierder feroaret der net safolle, de measte saken binne ek net hiele dúdlike ôfspraken oer makke, gewoan net te healwiis en it ferstân brûke. De side Wikipedy:Siden wiskje hawwe we al wat in systeem yn. De list wurdt ôfsletten en dan nei 15 dagen wurde de siden fuortsmiten at net ien der beswier tsjin makke hat. Ik haw it hjoed krekt dien, de list dy't no ôfsletten is soe dan nei de 25 oktober wêr wiske wurde kinne. Wa dat docht makket eins neat út. By ûnsinsiden mei echt fandalisme kinst se fuort wol wiskje, hoecht net mei de proseduere op siden wiskje. Moast mar ris sjen hoe at it rint.
Kinst ek noch by de Bysûndere siden de systeem berjochten fan dizze wiki oanpasse. Mar ast dyn stavering noch net sa heech hast kinst dit earst ek wol oan de oaren oerlitte. Succes dermei. Theun 10 okt 2007, 22.06 (CEST)Beäntwurdzje
Okee bedankt, komt klear--Geoffrey 10 okt 2007, 22.30 (CEST)Beäntwurdzje

Kategoryen

bewurkje seksje

Ik haw in nije kategory 'Utjouwer' oanmakke en sjoch letter by it neirinnen fan útjouwers dat der ek al in kategory 'Utjouwerij' is. Dy lêste kategory kin tink ik no ferfalle of trochferwiisd wurde nei 'Utjouwer'. Om my mei 'Utjouwer' fansels ek feroare wurde yn 'Utjouwerij' mar ik sjoch net hoe't soks moat. Ik fyn de kategory 'Utjouwerij' ntl. net werom yn de list bysûndere siden. --romke fan tomke 13 okt 2007, 20.23 (CEST)Beäntwurdzje

Wannear binne siden bywurke?

bewurkje seksje

Dêr bin ik wer. Ha ik út dyn antwurd op myn oerlisside goed begrepen dat ik de fraach hjir stelle moat? Sa net, lit it dan witte. Ik sit no efkes mei in oare fraach. Ik ha in tal koperblaasynstruminten op de side set. Ik bin der wis fan dat ik dêrby in tal kearen ferwiisd ha nei de 'posthoarn' en woe dy ferwize litte nei 'hoarn'. As ik yn de wiky lykwols sykje om 'posthoarn' krij ik mar ien side foar't ljocht. Komt soks om't myn publisearre siden noch net troch de fjildwacht west hawwe? Of bin ik gewoan folslein mis en ha net faker nei dat wurd ferwiisd?--romke fan tomke 15 okt 2007, 21.34 (CEST)Beäntwurdzje

At ik by de side Hoarn oan de linkerkant by de helpmiddels op Wat is hjirmei keppele? kies dan krij ik in tal ferwizings nei siden mei ynstruminten dy't nei Hoarn ferwize, soe tink ik nei Hoarn (koperblaasynstrumint) ferwize moatte. Ik nim oan jo bedoele dizze keppelings. De syk funksje fan de wikipedy jout altiten minne resultaten, dan is it noch better om mei Google op de fryske wikipedy te sykjen. Dat hat dan wêr as neidiel dat it in tiidzje, (dagen oant wiken) duorret foardat Google de saak bywurke hat. Theun 15 okt 2007, 21.47 (CEST)Beäntwurdzje

Dongeradiel

bewurkje seksje

Ik sil efkes freegje nei dy nammen yn Dongeradeel. Yn Dongeradeel spilet ek de taalkleur. Se skriuwe har troch dy taalkleur ek net Dongeradiel mar Dongeradeel. De Anjumers fine ek net dat jo it oer Eanjum mar oer Anjum hawwe moatte. Om't mar in bytsje toponimen wetlik fêstlein binne (ek de Nederlânske) is der yn wêzen gjin autoriteit. De TWF ferwiist útsoarte earst nei de FA, mar wy tinke wol yn oplossings en net yn problemen. Sa hat it grutte kâns dat yn Dantumadiel De Westerein (Klaaifrysk) aanst De Westereen(Wâldfrysk/doarpsdialekt) komt te hiten. It giet faak om ferskillen yn taalkleur dy't beide Frysk binne lykas de geast/gaast yn Rinsumageast en Tsjerkgaast. Wy fine by nammen dat it om de taal fan de minsken gean moat. De Westereen fielt foar har mear eigen. As de gemeenterie it foech brûkt om it fêst te lizzen dan is it by wet regele en einde diskusje.

It is miskien wol goed te witten dat ek de strjittenammen fan West-Dongeradeel yn it Frysk yn de Gemeentlike Basis Administraasje (GBA) sitte mar dat de TNT Post se noch nea oernaam hat. No is de gemeente yn sa'n situaasje de autoriteit en komt TNT wat oer de helte, dat it liket derop dat TNT aanst folgje sil.

As ik mear wit hearre jo it.Yn 'e Wâlden 16 okt 2007, 14.20 (CEST)Beäntwurdzje

Redirect

bewurkje seksje

Jûn Theun. Kinst my ek fertelle wat it kommando is om in redirect oan te lizzen út in artikel wei nei in ûnderkategory yn in kategory. Konkreter: ik wol it artikel 'koperblaasynstuminten' ferwize litte nei de ûnderkategory 'koperblaasynstruminten' yn 'HaFaBra'. Ik ha al yn de slach west mei tekstheakken, heakken ensfh. mar it slagget net. --romke fan tomke 16 okt 2007, 19.36 (CEST)Beäntwurdzje

Ik seach dat Swarte Kees de side pleatst hie yn de kategory muzyk. Dat is ek wol goed want it is wat breder as HaFaBra. Op de side stiet no in ferwizing nei de ûnderkategory yn HaFaBra. Daam.

Plaatsjes

bewurkje seksje

Jûn Theun, Dank foar jo oanwizings oer de plaatsjes. No miende ik krekt dat ik wat ienfâldichs fûn hie troch plaatsjes fan oare wikipedia's oer te nimmen, blykt dat it dochs wat yngewikkelder leit. Om it op te laden wylst ek mei in oar doel op sa'n side kom, is my yndie op dat stuit krekt wat tefolle 'gedoch'. Moai dat Jelle soks nei rint, hy hat der neffens my folle mear nocht oan om wat mei de plaatsjes om te gûcheljen en se der letter by te setten. Groetnis, Swarte Kees 19 okt 2007, 22.17 (CEST)Beäntwurdzje

Folle Oerlisside

bewurkje seksje

Moarn Theun, By it beskriuwen fan de Wikipedy:Oerlisside ferskynde it boadskip dat de side eins te fol is en oer de 32 KB hinne is. No hawwe jo lêstendeis by myn side in skjinne bledside makke troch der in argyfside by oan te meitsjen. Soenen jo soks ekris dwaan kinne by de Wikipedy:Oerlisside? Swarte Kees 20 okt 2007, 10.43 (CEST)Beäntwurdzje

Meidoggers en Frysk

bewurkje seksje

Bêste Theun,

Ik lies krekt de oerlisside oer Aldeleie. Der binne minsken dy't it net mei de namme lykfine kinne. Ik wit ek net wat no de goede namme is. Mar op 'e NL wikipedy ha se dit berjocht. Moatte wy ek sa'n berjocht meitsje? Skoattel op 'e side, en minsken freegje om de oerlisside te brûken?

In berjocht liket my hjir net nêdich, ek de side skoattelje hat hjir gjin doel. Der is mar ien kear in ferzje tebekset en de oerlisside wurdt al brûkt. Theun 21 okt 2007, 09.27 (CEST)Beäntwurdzje

Nij Frysk wurdboek as Wiky standert

bewurkje seksje

Ik hoopje dat taalbewegers gjin rûzje meitsje mei oare minsken, en oarsom. Wy binne de behearders fan dizze wiky, wy hawwe wat mear rjochten as normale meidoggers. Der hat al in soad diskusje west oer it taalbrûkme, mar wy wolle fansels gjin rûzje ha. Takom jier (2008) sil de Fryske Akademy it nij Frysk wurdboek klear ha, it wurdboek Frysk-Frysk . It sil lykas in Van Dale Nederlands as Oxford English Dictionary in wurdboek wurde fan de Fryske taal mei it Frysk as ferklearjende taal. It wurdboek hat 70.000 wurden, en omfiemet sawat de hiele Fryske taal. Yn dat wurdboek is ek plak foar lokale fariaasjes, dat soms binne der twa wurden dy't itselde oantsjutte, en dy binne dan beide goed Frysk. Ik stel út dat as dat boek op 'e merk te keap is, wy dat boek brûke sille as standert foar de Fryske wiky. As minsken dan wer sangerje oer it taalbrûkme fan in oarenien, kinne wy nei dat wurdboek ferwize. Kening Aldgilles 21:39 CET, 20 okt 2007

Neffens my is it gewoan sa dat Behearders gjin mear rjochten hawwe yn de sin dat harren miening wichtiger is as de miening fan de oare meidoggers (wy hawwe allinnich wat mear technyske mooglikheden). At wy dan ek beslute dat wy dat wurdboek brûke dan moatte wy dat tink ik as Meidoggers beslute, dat kin troch op de Oerlisside mei alle te Meidoggers oerlizzen sadat elkenien dêr syn miening jaan kin. Miskien is it wol goed dy publikaasje efkes ôf te wachtsjen. It is gjin taak fan Behearders om rigeltsjes te meitsjen/betinken, allinne om se út te foeren. Rûzjes komme je net hielendal foar mei rigeltsjes en ôfspraken, leit somtiden ek gewoan oan de persoan. Theun 21 okt 2007, 09.27 (CEST)Beäntwurdzje
It is net sa dat wy bysûndere rjochten hawwe. Wy wachtsje it nije wurdboek ôf. Kening Aldgilles 23:12 CET, 21 okt 2007

Foudgumer Feart

bewurkje seksje

Moarn, Theun. As it om de lizzing fan wetters giet klopje ik wol faker by jo oan. Dizze kear giet it om de Foudgumer Feart, dat yn jo hoeke fan Fryslân leit. Hjit it stik fan Betterwird nei de Dokkumer Ie ek noch Foudgumer Feart? Swarte Kees 21 okt 2007, 11.26 (CEST)Beäntwurdzje

Ik soe dit eins net seker witte, mar at ik in pear âlde kaarten besjoch tink ik fan net. Op de gemeente kaart fan Eekhof hjit dit stik De Oude-keeg. Op de Topografyske/Militêre Kaart fan 1853-1856 hjit dit stik De Oude weg. Ik tink dat dit de eardere benedenrin is fan de feart dy't brûkt is om dizze hoeke te ûntwetterjen (de feart rûn ek troch oant Brantgum). Letter is blykber it rjochte stik nei it easten groeven om oan te sluten op de Alde Peasens, neffens de Kaart fan Eekhof is dit de Vaart naar Dokkum. Ik sil sjen oft yn Binnendiken en Slieperdiken noch wat ynformaasje stiet, dêr stie wol in ferhaal yn oer de ûnwettering fan dizze hoeke en de silen dy't dêr by brûkt waarden, oft de namme fan dit stik feart dêr ek út te heljen is betwifelje ik. Miskien dat ik myn boppesteande betinksels dêr yn wêromfine kin, dan soe it miskien wol wat ekstra ynformaasje foar op de side wêze. Theun 21 okt 2007, 17.23 (CEST)Beäntwurdzje

Markearje dizze side as kontrolearre

bewurkje seksje

Jûn Theun,

As ik de nije siden by del rin kom ik hieltyd neikommende melding tsjin: Markearje dizze side as kontrolearre. Ja, en dan doch ik dit mar. Krij ik dy melding omdat ik no behearder wurden bin, want foarhinne kaam ik dit net tsjin?

Hoi Geoffrey,
Dizze melding krije jo net om't jo no behearder binne, ik haw doe mei it ynstellen fan dy Fjildwacht side in ekstra funksje oanfrege dy't ek op :nl brûkt wurdt. Sa kin ien in side as kontrolearre oanmerke en komt dizze net mear yn de list fan anonimen dy't op de Fjildwacht sjen litten wurd. Sa kinne je ek anonime bydragen neisjen sûnder dat jo de hiele dei neirinne moatte (om't dy bygelyks noch net ôfrun is). It skilt ekstra wurk, is allinnich nedich foar anonimen. Dizze funksje is in pear wike ferlyn aktyf wurden. Theun 21 okt 2007, 21.30 (CEST)Beäntwurdzje
Tanke, ik haw noch ien fraach. Klopt it dat wy mar in moanne tebek kinne mei it besjen fan de nije siden?--Geoffrey 21 okt 2007, 21.34 (CEST)Beäntwurdzje
Dat liket wol sa te wêzen. Ik sjoch dêr no ek rigels mei in giele eftergrûn kleur, eins gjin idee wêr't dat mei te krijen hat. Ja, ik wit ek net alles. Theun 21 okt 2007, 21.49 (CEST)Beäntwurdzje
Ik tink dat ik it wit. As sto markearst dast de side kontrolearre hast dat is net langer giel mar is it wit wurden.--Geoffrey 21 okt 2007, 22.41 (CEST)Beäntwurdzje

keppelings om utens

bewurkje seksje

Jûn Theun. De keppelings om utens haw ik net sels betocht, it komt fan de side "Koart Oersjoch" fan de Wikipedy. Omdat de Wikipedy gjin webportal wurde moat fûn ik it mear oprêden, himmel, dus strakker, stean om it sa koart mooglik te dwaan. Boppedat besparret it in soad lêzen fan lange nammen fan keppelingen. En om net twa ferskillend útsjende keppelingen troch inoar te krijen ( in koarte en in lange) feroarje ik sa út en troich wolris in keppeling. Mar jo hawwe gelyk, wy moatte hjir al wat ienheid yn hâlde. Ik sil hjir moarn ris wat skriuwe op de Oerlisside. Groetnis, Swarte Kees 22 okt 2007, 22.15 (CEST)Beäntwurdzje

Jûn Theun. Tsja, ik bin bang dat ik by it feroarjen op myn taalgefoel en taalbrûken yn myn omjouwing útgien bin. Wy sizze hjir altyd slûs/slûzen, krektas mûs/mûzen. No soe it wêze kinne dat slús/sluzen ek tastien is, jo sykje soks op't lêst meastentiids wol sekuer nei. It heart my yn de earen as Hollânsk of stedsk. Mar as sluzen ek tastien is bin ik te hastich west mei feroarjen, dan moat it werneamen werom setten wurde. Let neat, wy wolle it beide op't lêst sa goed mooglik dwaan. Soks hat ek gefolgen foar de redirects. Wolle jo dat sels weromsette? Dan bart it ek daliks sa't jo dat bedoeld hiene. Ik wie mei it omsetten begûn nei it besjen fan de rubryk "Dûbele synonimen", en woe eins dy rubryk leech meitsje. Krektas ik lêstendeis dien ha mei de rubryk "Siden sûnder Kategory". Groetnis, Swarte Kees 27 okt 2007, 21.11 (CEST)

Help

bewurkje seksje

Hi! Can you translate this text onto Frysk? Almazán is a municipality located in the province of Soria, Castile and León, Spain. Thanks. --Jeneme 29 okt 2007, 22.43 (CET)Beäntwurdzje

Alde Lunen

bewurkje seksje

Dei Theun. Moai dat jo efkes neigean wolle oft de Alde Lunen noch earne te finen is. It wetter stie net op myn atlas en boppedat net yn de pdf-triem mei nije Fryske wetternammen, dêrom hie ik him earst mar fan de list helle. Der binne wolris faker sokke wetternammen dy't net werom te finen binne en dus read bliuwe op de list mei Fryske wetternammen. Groetnis,Swarte Kees 31 okt 2007, 17.25 (CET)Beäntwurdzje

Ik haw it neisocht krekt sa't ik it by it Oerlis:Lange Sleat (Terkaple) ek alris sein hie. Mei dy wetterkaart op it provinsjewebstee hinne en wer skowe om te sjen wêr't de namme hinne giet.
"Lune" is wurd foar in wetter. Dêrom stie dat fort dêr "Ter lune", wêr't it ek stien hat. Fandêre: "Ny Terlune".
Dat it "Lunen" is docht tinken dat it ek de oare ludsen is/binne. Om't dêr yn 'e atlas gjin namme by stie, stiet der lykwols ek neat oer op de kaart, dat dêr komme wy sa net út. Mar fierders is it krekt sa't jo it útskreaun hawwe, útsein, dat lêste stik fan de Swemmer wie part fan it "Oud Dokkumerdiep". Faaks koe op de side fan de âlde Fryske namme, Dokkumer Djip, de feroaring fan âld út beskreaun wurde. Aliter 4 nov 2007, 03.16 (CET)Beäntwurdzje
Ik sjoch fansels ek net alle Oerlis. Mar goed, ik hie nea yn de gaten dat dy kaart ek op dy manier te brûken is. Wêr wat leart. Theun 4 nov 2007, 16.52 (CET)Beäntwurdzje

Hardridersgracht

bewurkje seksje

Jûn Theun. Foar de wetters yn Noard-Fryslân bin ik oanwiisd op de GPA en wat rûnom op ynternet te finen is. Nei googlejen kaam ik op http://www.ijsherberg.nl/geschiedenis.html dêr't oer de Suderie skreaun wurdt. As guon ynformaasje net goed is soene jo gebrûk meitsje fan de stobbe. Ja, de ûnbekende meidogger liket ûnbekend trochdat ik doe net oanmelden wie. Fiel jo frij om saken sa te beskriuwen dat it de wierheid gjin gewelt oandocht.Swarte Kees 1 nov 2007, 20.31 (CET)Beäntwurdzje

"Hardridersgracht" liket my al Stêdsk foar "Hurdridersgrêft". Aliter 4 nov 2007, 03.16 (CET)Beäntwurdzje

Soai

bewurkje seksje

Och, doe't ik begûn mei yn in hast lege wiki de wikiberjochten oer te setten, doe wie wol dúdlik dat der in protte wurk yn sitte soe. No binne der mear minsken dy't skriuwe, en wat ik doch is meast wat dêrby lizzen bliuwt. Dat is gjin probleem at it mar net te ientoanich is. Mar it is fansels al sa, dat oanpassen fan jierren dêr't sûnder dat immen it oanpast hat in 0de ieu op te lâne kaam is, dat is no net drekt it aaardichste om te dwaan. Maar oer fjouwer ieuwen en in wike as trije, dan is dat ek wer oer; dan is der wol wer in oar putsje. Aliter 12 nov 2007, 04.33 (CET)Beäntwurdzje

Hm. Dat wie my eins net iens opfallen, foardat jo in pear oanpast hiene. Ik hie it meast yn algemien stelt. Eins is it noch slimmer, ik haw de Redirect 0e ieu ek noch oanpast mei it ûntdûbeljen fan synomimen. Ik haw al sein ik bin net sa fan de details, mar dit fyn ik wol slim, ik hy mysels wat heeger. Sil ek wolris in stikje meipakke. Mar bin earst in pear dagen fuort. Groetnis Theun 12 nov 2007, 05.50 (CET)Beäntwurdzje

ElLinde/ElLende

bewurkje seksje

Jûn Theun, Wat is't ek wat, dit hiene wy lêstendeis ek alris by de ein en no ek nochris dûbeld wurk dien. Ik hie jo doe frege om it op te lossen, en soks is ek bard, mar no fyts ik der al wer trochhinne.. De koartste klap is om de side fan hjoed mar te wiskjen tink? Swarte Kees 17 nov 2007, 20.40 (CET)Beäntwurdzje

útlis by de strjitnammen

bewurkje seksje

Dei Theun, Tsja, oer it plak wêr't de útlis no krekt stean moat ha'k in hiele tiid omstind. At elke strjitte in eigen side krijt, ûntsteane in hiel soad tige (te) koarte siden. As de útlis efter de strjitte komt wurdt it in tizeboel. En om dingen dûbeld op ien side te setten is ek net de bedoeling. De strjitten mei útlis soene bg. ek apart setten wurde kinne. Of in aparte side mei útlis mei allinnich de sirjitten dêr't in beskriuwing by is? Hawwe jo in útstel hoe't soks koart, oersichtlik en ek op gruttere plakken as bg. Ljouwert tapasber makke wurde kin? Of sille wy dat ris op de algemiene oelisside sette? Swarte Kees 2 des 2007, 12.59 (CET)Beäntwurdzje

Goed, lit ús earst mar ris sa fierder gean. By gruttere plakken as Harns soe de útlis op de side fan Harns kinne en net by de list mei alle strjitnammen. Mochten wy letter fêstrinne dan sjogge wy wol wer. Swarte Kees 2 des 2007, 15.32 (CET)Beäntwurdzje

Wisten jo dat desimber

bewurkje seksje

Ik woe jo net yn 'e tiis bringe. Doe't ik de haadside fan de Fryske wiky seach, koe ik de wisten jo dat net sjen. Doe haw ik it mei in oare kompjûter besocht dy't oansletten wie op in oar IP-adres mei oare ynternetoanbieder, mar dat mislearre ek. Dat, ik hie datselde probleem al faker, dêrfandinne wist ik dat de iennige opslossing it wiskjen en op 'e nij fêstlizze fan dy side, de iennige mooglikheid wêze soe.

Alsa, ik seach jo stipeferklearring op 'e oanfraach side foar de Sealterfryske wikipedy. Wy kinne der wiis mei wêze at it aansen in offisjele wiky is!

Mei groetnis Kening Aldgilles 02 des 07, 17:53 CET

Dat "wisten jo dat" fan de haadside net te sjen wie kaam, omdat noch âlde gegevens yn 'e servercache fêsthâlden wiene. Neidat ik de cache foar de haadside leech makke hie mei ?action=purge, wie "wisten jo dat" wol te sjen. Sjoch ek: de:Hilfe:Cache. Bouwe Brouwer 2 des 2007, 20.00 (CET)Beäntwurdzje

Strjittesiden

bewurkje seksje

Moarn Theun, Hiele lytse doarpkes soene yndie net in side hoege. Dat wurde ommers hiele koarte siden. Oan de oare kant meie de strjitterigen de foarside oer in doarp net fersmoargje en net tefolle plak ynnimme. Der binne ommers wichtiger saken om oan te jaan. Ik haw no in stik of tsien strjitnammen oanhâlden om noch op de doarpsside stean te litten. ( dan wurdt de Kategory:Strjitten wol net folslein mar sokke keuzes bliuwe der altyd). Pas nei 20 strjitten en mear in aparte side jaan? Of soene jo in oar oantal foarslaan wolle? Groetnis, Swarte Kees 7 des 2007, 08.33 (CET)Beäntwurdzje

Peazens

bewurkje seksje

Tige tank Theun. Sa'n ferbettering moat altyd wêze. Mochten de omskriuwings ferskillend wêze, dan mar de bêste nimme.Swarte Kees 7 des 2007, 19.39 (CET)Beäntwurdzje

Werom nei de meidoggerside fan "Theun/Argyf4".