Meine Fernhout
Meine Fernhout (Bûtenpost, 30 juny 1884 - Bussum, 16 juny 1977) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP.
Hy waard berne yn Bûtenpost dêr't syn heit, Klaas Fernhout Msn., Nederlânsk Herfoarme predikant was. Maaie 1910 waard er boargemaster fan de doetydske Uterske gemeente Tienhoven en yn 1914 folge syn beneaming ta boargemaster fan de gemeenten Mijdrecht en Wilnis. Fan maaie 1919 ôf wie Fernhout fjirtjin jier de boargemaster fan Kampen. Yn 1933 besette er dat amt yn de Siuwske provinsje haadstêd en maart 1939 waard er boargemaster fan Bussum. Ein 1941, dat ûnder de besetting fan nazy-Dútslân, naam er ûntslach en waard er opfolge troch de NSB'er G. Nieuwenhuys. Daliks nei de befrijing yn 1945 gie er werom nei Bussum as boargemaster en dêr bleau er oant syn pinsjonearrein yn de simmer fan 1949.
Fernhout stoar yn de âldens fan 92 jier yn de gemeente dêr't er it lêst boargemaster wie.