Meissen (Landkreis)
De Landkreis Meissen is in lânkring yn de Dútske Frijsteat Saksen. De lânkring bestiet út it kearngebiet fan it eardere markgreveskip Meissen en waard stifte op 1 augustus 2008.
Landkreis Meißen | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Saksen |
haadplak | Meissen |
tal gemeenten | 28 |
kenteken | MEI, GRH, RG, RIE |
Kreisschlüssel | 14 6 27 |
sifers | |
ynwennertal | 240.371 (2020) |
oerflak | 1.454,59 km² |
befolkingstichtens | 165 / km² |
oar | |
stifting | 2008 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 51°10′ N 13°29′ E |
webside | lânkring Meissen |
Geografy
bewurkje seksjeDe lânkring Meissen is in lânkring yn it noardlike midden fan de Frijsteat Saksen, dêr't de Elbe dwers troch hinne streamt. Oanbuorjende distrikten binne yn it noarden de lânkringen Oberspreewald-Lausitz en Elbe-Elste yn Brandenburch, yn it easten de lânkring Bautzen, yn it súdeasten de kringfrije stêd Dresden, yn it suden de lânkring Sächsische Schweiz-Osterzgebirge, yn it súdwesten de lânkring Mittelsachsen en yn it noardwesten de lânkring Nordsachsen.
It heechste punt fan de lânkring leit 340 meter boppe seenivo yn it Zellwald by Nossen. It op ien nei heechste punt is de Baeyerhöhe mei in hichte fan 320,5 meter.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeDe lânkring bestiet út 28 gemeeenten, wêrfan 10 stêdsrjochten hawwe. De stêden Coswig, Großenhain, Meissen, Radebeul en Riesa meie de spesjale namme Große Kreisstadt drage. Njonken de stêden binne der noch 18 gemeenten sûnder stedsrjochten, dy't gearwurkje en foar in part ek mei stêden bestjoerd wurde. Der binne optheden (2021) trije bestjoersgemeenten yn de lânkring Meissen.
Op 31 desimber 2020 wie Radebeul mei goed 33.800 ynwenners de grutste stêd, folge troch Riesa mei likernôch 29.300 ynwenners en de haadstêd Meissen mei likernôch 28.200 ynwenners.
Stêden | Gemeenten | |
---|---|---|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Meissen fan Wikimedia Commons. |
Landkreise en Kreisfreie Städte fan Saksen | ||
---|---|---|
Bautzen - Chemnitz - Dresden - Erzgebirgskreis - Görlitz - Leipzig (stêd) - Leipzig - Meissen - Midsaksen - Noardsaksen - Sächsische Schweiz-Osterzgebirge - Vogtlandkreis - Zwickau | ||
· · |