Meloidogyne fallax
Meloidogyne fallax is in woartelknobbelieltsje dat in soad op Meloidogyne chitwoodi liket, mar dizze soarte fermearderet him net op mais. De skea dy’t feroarsake wurdt is meast kwalitatyf (kosmetysk) fan aard, allinnich by slimme oantaasting wurdt de opbringst minder. De ierdappel is in wichtige gasthear foar Meloidogyne fallax (mar ek dahlia’s en gladioalen). Dêrom is dizze rûnwjirm troch de Jeropeeske Uny op de karantênelist set.
De knobbefoarm is hiel oars as dy fan de Meloidogyne hapla. Hy is net opfallend, lang útrutsen en sûnder sydwoartels. Oan de knobbel is Meloidogyne fallax net te ûnderskieden fan M. chitwoodi.
Swarte braak jout goede mooglikheden de besmetting op te kearen mar dat is lang net rûnom mooglik. As griendong is blêdrammenas geskikt. Troch letter plantsjen en setten kin begjinbesmetting troch hegere de dan temperatueren goed opkeard wurde.