Menno Bandstra
Menno Bandstra (Eanjum, 14 septimber 1917 - Ljouwert, 26 jannewaris 1996) wie in dammer. Hy wie sterk yn it saneamde 'Poalske spul'. Bandstra siet 42 kear yn de finale fan de Fryske damkampioenskippen, waard tsien kear Frysk kampioen tusken 1939 en 1964 en njoggenris twadde. Hy hie ek niget oan Frysk damjen.
Menno Bandstra | ||
sporter | ||
Bandstra (NK 1965) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 14 septimber 1917 | |
berteplak | Eanjum | |
stjerdatum | 26 jannewaris 1996 | |
stjerplak | Ljouwert | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Damjen | |
earste titel | 1939 | |
ekstra | Frysk damjen | |
wichtige prestaasjes | ||
10x Frysk damkampioen |
Bandstra hat ek trije kear oan de Nederlânske kampioenskippen meidien, mar bleau dêr yn de ûnderste regioanen stykjen.
Yn it tiidrek 1940-1960 waard er alve kear kampioen fan Ljouwert. Bandstra hie goed 25 jier de redaksje fan in damrubryk yn it Frysk Deiblêd.
Hy stoar yn de âldens fan 78 jier en kaam te hôf yn Huzum.
Oer Fryske dammers
bewurkje seksje- Piet Tuik en oaren: Liefhebbers en Topdammers; jubileumboek Provinsjale Fryske Dambûn 1928-2003. Utjefte: Provinciale Friese Dambond.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|