Menno Arie Jan Knip (Ljouwert, 14 april 1947) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Nei de hbs studearre hy oan de Keninklike Militêre Akademy yn Breda. Dêrnei waard hy beropsoffisier by de lânmacht en dêrneist studearre hy fan 1971 oant 1975 bestjoersrjocht oan de Ryksuniversiteit Utert. Yn 1976 waard Knip projektlieder finansjele ynstruminten by it Ministearje fan Finansjen en yn 1979 makke hy de oerstap nei de Ryksplanologyske Tsjinst (RPD) dêr't hy wurke as koördinator bestjoerlike saken en as waarnimmend haad ôfdieling bestjoersoangelegenheden.

Knip is yn septimber 2009 mei gebrûkmakking fan de VUT-regeling foar boargemasters stoppe as boargemaster fan Almelo. Hy stie foar de VVD op plak 15 fan de list foar de Earste Keamer en wie dêrmei earste opfolger. Nei de beëdiging fan it kabinet-Rutte folge hy op 26 oktober 2010 Uri Rosenthal op as Earste Keamerlid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: