De Merenwijk is meast noardlike wenwyk yn de Nederlânske stêd Leien. De wyk wurdt yn it suden fan de rest fan de sted skieden troch in grienseame mei folkstunen en sportfjilden. Yn it westen fan de wyk leit it spoar fan Leien nei Schiphol, yn it noarden de Kagerplassen en yn it easten it kanaal de Zijl. Op 1 jannewaris 2014 hie de Merenwijk 14.415 ynwenners.[1]

De Merenwijk yn Leien.
Skematyske kaart fan Merenwijk

De Merenwijk is boud yn de Broek- en Simontjespolder, dy't oant 1966 by de gemeente Oegstgeest hearde en yn dat jier by Leien foege waard. It earste part fan de wyk waard oplevere yn 1971 en de rest wie foltôge yn 1980. It Wijkpark Merenwijk en de Broekwei herinnerje noch oan de tiid dat it gebiet in polder wie.

De wyk karakterisearet him troch de yn de jierren 70 en 80 (20e iuw) faak tapaste blomkoalstruktuer. Der binne twa ynfalswegen: de Gooimeerlaan en de Ijsselmeerlaan, dy't útkomme op de rûnwei. De bebouwing is sa wol binnen as bûten dy diken te finen.

Midden yn de wyk leit it Wijkpark Merenwijk, dêr't ek in bernebuorkerij te finen is. Oan de râne fan dit park leit it wyksintrum, dêr't alle foarsjennings te finen binne. Der is ûnder oare in winkelsintrum, in tsjerke en in biblioteek.

It meast súdlike part fan de wyk, oan de Slaaghsloot, wurdt ek wol de Slaaghwijk neamd. De Slaaghwijk is it âldste stik fan de Merenwijk en waard boud in de jierren 1970. It grutste part fan dy wyk bestiet út galarijflats, mei dêr omhinne in soad grien. Dat in tsjinstellingen ta de rest fan de wyk, dêr't foaral leechbou te finen is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Leiden (GBA), befolking 1 jannewaris 2014