Merijn Bruijne
Merijn Bruijne is in Nederlânske sitfollyballer út Alphen.
Merijn Bruijne | ||
sporter | ||
sportive ynformaasje | ||
sport | Sitfollybal |
Sûnt de berte hat Merijn Bruijne in ôfwiking oan de rjochter skonk, ek mist er twa fingers oan de lofterhân. Hy hat jierren lang it "gewoane" follybal spile, dat koe er dwaan omdat er in proteze hat. Nei in demonstraasje fan de sport sitfollybal by de sitfollybalferiening Volleer waard er entûsjast oer de sport. Hy frege oft er meispilje mocht by de feriening, dat gie sa goed dat er nei in pear moannen al by de Nederlânske sitfollybalploech kaam. De ploech wie net kwalifisearre foar de Paralympyske Spullen fan 2008, dêrnei gienen ek in pear sitfollyballers fuort. De nij opstelde ploech, mei dêryn ek Merijn Bruijne, hopet him no pleatse te kinnen foar de Paralympyske Spullen fan 2012. Mei de Nederlânske ploech einige er yn 2009 by it Europeesk kampioenskip yn Poalen as achtste en by it wrâldkampioenskip fan 2010 yn de Feriene Steaten as njoggende.
Yn de Nederlânske klupkompetysje wie Merijn Bruijne mei syn klup Volleer yn it seizoen 2008/2009 twad fan Nederlân. In jier letter waard er mei Netwerk fiifde. Troch de stipe fan it NOC*NSF kin er de sitfollybalaktiviteiten kombinearje mei de middelbere skoalle.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |