Merktsjerke (Paderborn)

De Merktsjerke (Dútsk: Marktkirche) is in roomsk tsjerkegebou yn it sintrum fan it Westfaalske plak Paderborn. Eartiids wie it de oan Fransiskus Ksavearius wijde universiteitstsjerke fan it oangrinzgjende jezuïtekolleezje. It tsjerkegebou is hjoed-de-dei ien fan 'e tsjerken fan de binnenstêdparochy Sankt Liborius en wurdt ek brûkt troch it gymnasium Theodorianum foar skoallemissen.

Merktsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak Paderborn
adres Kamp 1
koördinaten 51° 42' N 8° 45' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Paderborn
patroanhillige Fransiskus Ksavearius
Arsjitektuer
arsjitekt Anton Hülse
boustyl barok
Webside
katholisch-in-paderborn.de
Kaart
Merktsjerke (Noardryn-Westfalen)
Merktsjerke

De earste stien fan 'e tsjerke waard yn 1682 troch prinsbiskop Ferdinand von Fürstenberg lein. It ûntwerp foar de bou waard makke troch de lekebroer Anton Hülse. De bou duorre tsien jier en op 14 septimber 1692 waard de tsjerke ynwijd.

Mei it opheffen fan 'e Jezuïteoarde yn 1773 gong de tsjerke oer op it saneamde Paderborner Stúdzjefûns, dêr't it fermogen fan 'e jezuïten yn ûnderbrocht wie. Dat fûns wurdt hjoed-de-dei troch de dielsteat Noardryn-Westfalen beheard.[1]

De namme "Merktsjerke' waard jûn nei't de oarspronklike Merktsjerke Sint-Pankratius oan it hjoeddeiske Marienplatz tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw fanwegen brekfalligen ôfbrutsen wurde moast. It parochygebiet fan Sint-Pankratius waard doe by de jezuïtetsjerke foege.

De tsjerke waard oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich oant op 'e bûtenmuorren folslein ferneatige.

Werbou barok heechalter

bewurkje seksje
 
It werboude heechalter.

Mei de ferneatiging fan 'e tsjerke yn maart 1945 waard it rike ynterieur foar it measte ferneatige. Ek it barokke heechalter gie by de bombardeminten op 'e stêd ferlern. Yn maart 1985 waard de Förderverein Barockaltar der Marktkirche e.V. stifte mei it doel om fan it eardere heechalter in rekonstruksje te meitsjen. De kosten waarden droegen troch de feriening, de stêd en de dielsteat.Mei help fan âlde ôfbylden en tekeningen waard it plan yn acht fazes tusken 1989 en 2003 realisearre. De rekonstruksje fan it 20,75 m heechalter, 10,2 m brede en 4 m djippe alter duorre 15 jier en koste meiïnoar DM 8 miljoen.

Njonken it grutte barokke heechalter binne it neamen wurdich:

  • in Marijebyld op it rjochter sydalter út 1380;
  • it grutte krús fan it lofter sydalter (1480), dat oarspronklik út de ôfbrutsen Sint-Pankratiustsjerke stamt;
  • in Madonna mei Bern yn it tsjerkeskip út 1668;
  • de kânsel út 1704.
  • Mei heechtijdagen wurde in earmrelikwarium en in kazufel fan de patroanhillige útstald. De kafuzel waard ea brûkt om de bonken fan Fransiskus Ksavearius yn Goa te oerdekken. In Portugeeske keninginne skonk de relikwy oan 'e Paderbornske jezuïten.[2]

Foar de eardere tsjerke fan it jezuïtekolleezje skonk prinsbiskop Dietrich von Fürstenberg in yn 'e jierren 1616-1618 boud oargel. Dat wie in oargel fan 12 registers, dat nei de bou fan 'e nije tsjerke ek wer opboud waard. Yn 1730 waard in nije oargelkas boud, dat ferdield waard yn twa wurken en oan wjerskanten fan it grutte gevelfinster opsteld waard. Yn 1735-1736 waard in nij oargel mei gebrûk fan âlde registers troch Johann Patroclus Möller boud. Yn 'e âlde oargelkas waard yn 'e jierren 1874-1876 in nij ynstrumint troch Carl August Randebrock út Paderborn boud.

It yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige oargel waard yn 'e jierren 1963-1964 ferfongen troch in oargel yn in moderne oargelkas fan Paul Ott, dat 30 registers hat.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Marktkirche (Paderborn)