Merkuerius (planeet)

Merkuerius (symboal: ☿) stiet fan alle planeten yn ús sinnestelsel it tichstby de sinne. Sûnt Pluto syn status as planeet ferlern hat is Merkuerius de lytste planeet fan ús sinnestelsel. De planeet is nei de Romeinske God Merkuerius neamd om't er sa fluch om de sinne draait. Lykas de ierde is Merkuerius in terrestryske planeet mei in fêst oerflak dat in protte mien hat mei ús moanne. Merkuerius hat in frij sterk magnetysk fjild. De planeet hat gjin moanne.

Merkuerius
Ferskil yn grutte mei ús ierde.
Oerflak fan Merkuerius mei sabeare kleuren dy't de gearstalling fan it oerflak sjen litte.

De ôfstân tusken Merkuerius en de sinne leit ôfhinklik fan syn baan om de sinne tusken 46 en 70 miljoen kilometer, dêr't er yn 88 dagen omhinne draait. De diameter fan de planeet is 4.880 km en draait yn 58 dagen, 15 oeren en 30 minuten om syn as.

Eigenskippen

bewurkje seksje

De maksimum temperatuer oerdeis kin oprinne nei sa likernôch +430 °C, nachts nei sa likernôch −170 °C. Merkuerius hat dêrtroch it grutste temperatuerferskil fan alle planeten yn ús sinnestelsel. It temperatuerferskil komt troch de stadige aswinteling (58 dagen) yn kombinaasje mei syn baan om de sinne (88 dagen); dêrtroch duorret ien dei op Merkuerius 176 ierdske dagen.

Oan no ta hawwe de romtesonden Mariner 10 en MESSENGER bylden fan it oerflak makke. Beide romtesonden hawwe 95 persint fan it oerflak yn byld brocht.[1] Op dy bylden is gjin bewyske fan plaattektonyk te sjen, der binne lykwols ferskate tekens fan fulkanisme.

It oerflak fan Merkuerius leit fol mei ynslachkraters en liket in soad op dat fan de moanne. De meast yn it each springende ynslachstruktuer is it multy-ring Caloris Bassin, 1350 km yn diameter en dêr omhinne in râne fan bergen fan sa likernôch 2 km heech. Fierder binne der noch withoefolle falleien, hichten en flakten te finen. De measte kraters op Merkuerius binne ferneamd nei skriuwers en artysten.

Oan 'e ein fan de njoggentiger jierren waard by it op 'e nij bestudearjen fan de Mariner 10 foto`s ûntdutsen dat guon dielen fan it oerflak minder rûch binne as oare dielen. Dy flakkere dielen binne bedutsen mei stjurre lava, in bewiis dat der yn it ferline nei alle wierskyn aktyf fulkanisme op Merkuerius west hat.

Tusken de ynslachkraters lizze ek ferskillende steile kliffen lykas de Discovery Rupes. Dy wurde sjoen as hellingen dy't ûntststien binne troch ferskowingen. Dat type fan geologyske breuken is typysk foar in oerflak dat ferlytse is. Men nimt dan ek oan dat dit in foarbyld is fan kontraksjetektonyk, in teory dy't úthâld dat Merkuerius krompen is troch ôfkuolling. Dy krimp moast troch de fêste koarste kompensearre wurde troch de foarming fan ferskowingsbreuken. Dêrnjonken binne ek linestruktueren sjoen dy't guon wittenskippers ferklearje mei horizontale ferskowingen dy't ûntstienen troch meganyske spanningen yn de koarst troch de stadige fertraging yn de rotaasje fan de planeet.

De kearn fan Merkuerius bestiet foar 't neist út izer en is relatyf grut. De kearn nimt 42 persint fan it totale planetêre folume fan Merkuerius yn. (Yn fergeliking: by de ierde beslacht de kearn 17 persint fan it folume). Rûnom de kearn leit in mantel fan sa`n 600 km tsjok dy't benammen út silikiumoksiden bestiet. De tichtens is, nettsjinsteande de grutte mannichte izer, mei 5430 kg/m3 wat lytser as dy fan de Ierde. Dat komt om't de Ierde grutter is en der dus yn de Ierde sels mear druk is.

Op 30 novimber 2012 makke NASA wrâldkundich dat de MESSENGER bewiis fûn hie foar de oanwêzigens fan 100 oant 1000 miljard ton iis. Der wurdt tocht dat it iis troch kometen en planetoiden op Merkuerius bedarre is. It iis waard ûntdutsen yn kraters mei in protte skaad.[2]

Gearstalling atmosfear

bewurkje seksje

Merkuerius hat in tinne atmosfear sadat soerstofgassen, natrium en wetterstofgassen fuortkomme kinne fan de planeet en weiwurde yn de romte.

Magnetosfear

bewurkje seksje

Merkuerius hat in relatyf sterk magnetysk fjild mei 1 persint fan de magnetyske fjildsterkte fan it ierdmagnetysk fjild. Mooglik wurdt dat magnetysk fjild, lykas dat fan de ierde, yn gong setten troch in ``dynamo`` fan sirkulearjend floeiber kearnmateriaal. Waarnimmingen mei radar wize op in op syn minst diels floeibere kearn. Om't teoretyske modellen lykwols oanjouwe dat de kearn fan Merkuerius net hyt genôch wêze soe om izer-nikkel rane te litten, betsjut dit dat de kearn foar mear as 0,1 gewichtspersint út swavel bestean moat, sadat troch foarming fan in eutektikum it raanpunt yn de kearn nei ûnder brocht wurdt. It is ek mooglik dat it hjoeddeistige magneetfjild foar in part in oerbliuwsel is fan in earder dynamo-effekt dat no net mear aktyf is en fossilisearre is yn stold magnetysk materiaal.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mercury (planet) fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 95 Prozent des Merkur sind fotografiert (sjoen op 18 juny 2010)
  2. www.deredactie.be - 30 novimber 2012