Merlyn (tydskrift)

Merlyn wie in literêr tydskrift fan Kees Fens, H.U. Jessurun d' Oliveira en J.J. Oversteegen. It blêd ferskynde foar it earst yn novimber 1962. Der ferskynden fjouwer jiergongen oant en mei 1966; it tydskrift waard útjûn troch útjouwerij Athenaeum-Polak & Van Gennep.

Troch Merlyn hat de technyk fan close reading yn Nederlân yngong fûn. It blêd reagearre dêrmei op de yn de jierren fyftich oerhearskjende foarm fan literêre krityk, wêryn 't neffens de Merlyn-redakteuren in soad omtinken wie foar filosofy, psychology en moraal, wylst krekt de tekst sels ferûnachtseame waard. Dêrmei liet Merlyn de "vorm of vent" - diskusje fan de jierren tritich yn in tal opsichten op 'e nij libje. Close reading analysearret en ynterpretearret literatuer allinnich mar oan de hân fan de tekst en de struktuer dêrfan, en lit bûtenliterêre faktoaren bûten beskôging.

De wize fan literatuerbeskôging fan Merlyn hat grutte ynfloed hân op de literêre krityk en literatuerwittenskip yn Nederlân. Dizze ynfloed is sûnt mids tachtiger jierren tanende.

Keppelingen om utens bewurkje seksje