Michael Collins (astronaut)
Michael Collins (Rome, 31 oktober 1930 - Naples, Floarida, 28 april 2021) wie lid fan de bemanning fan de histoaryske romtemissy Apollo 11. Hy wie piloat fan de kommando-module fan Apollo 11 en sirkele dêrmei yn in baan om de moanne, wylst syn kollega's Neil Armstrong en Edwin Aldrin de earste minsken wienen dy't foet op de moanne setten.
Michael Collins (astronaut) | ||
Michael Collins | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michael Collins | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 31 oktober 1930 | |
berteplak | Rome | |
stoarn | 28 april 2021 | |
stjerplak | Naples | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Astronaut | |
reden bekendheid |
Bemanningslid Apollo 11 |
Syn earste ûnderfining yn de romte krige Collins mei de Gemini 10 missy yn july 1966. Collins die by dy missy in romtekuier. Nei syn Gemini 10 missy wie Collins yn it earstoan beskikber foar Apollo 8. Om medyske redenen koe Collins net meidwaan oan Apollo 8, in skiifprobleem yn syn nekwringe hie ynfloed op syn skonken. Nei in operaasje moast Collins ferskate moannen mei in beskermbân om 'e nekke rinne.
Keppeling om utens
bewurkje seksje Commons: Michael Collins – foto, fideo en harktriemmen
- (in) NASA-Biografy