Michaelkatedraal (Izjevsk)
De Michaelskatedraal (Russysk: Свято-Михайловский собор; Svjato-Michajlovski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn Izjevsk yn 'e Russyske Federaasje. De oan 'e aartsingel Michael wijde katedraal is in rekonstruksje fan 'e ûnder Stalin ferneatige katedraal.
Sint-Michaelkatedraal
Свято-Михайловский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Oedmoersje | |
plak | Izjevsk | |
koördinaten | 56° 50' N 53° 12' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Ivan Tsjarûsjin | |
boujier | Oarspronklik: 1897-1907 Rekonstruksje: 2003-2007 | |
sloopjier | 1937 | |
hichte | 67 meter | |
Webside | ||
Side fan de katedraal | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik lei op it plak in begraafplak mei in Trije-ienheidskapel, dy't yn 1810 ôfbaarnde. Yn 1855 waard de kapel ferfongen troch in grutte stiennen, oan 'e aartsingel Michael wijde kapel.
Yn 1876 waard der útein set mei it ynsammeljen fan jild foar in nije tsjerke op it plak fan 'e kapel. Yn 1893 namen de wurknimmers it beslút om 1% fan harren lean ôf te dragen foar de bou fan 'e tsjerke. It ûntwerp mocht de arsjitekt Ivan Tsjarûsjin. In betingst by de bou wie dat de nije tsjerke net grutter wurde mocht as de Aleksander Nevskikatedraal.
De earste Michaelkatedraal waard tusken 1897 en 1907 op de heechste heuvel fan de stêd boud. Yn dy tiid wie de katedraal ien fan 'e grutste gebouwen fan 'e stêd. De bou stie ûnder lieding fan Ivan Tsjarûsjin en koste doe 350.000 rûbel. De hichte fan it neobyzantynske gebou wie 70 meter en dêrmei wie de katedraal it heechste gebou fan Izjevsk.
Nei de Oktoberrevolúsje namen de autoriteiten op 19 maart 1929 it beslút om de Michaelkatedraal, de Aleksander Nevskikatedraal en de Foarbeatsjerke te sluten foar de earetsjinst. Op 27 maart 1929 waard de katedraal sletten en troch de autoriteiten fersegele. Fan 1932 oant 1937 krige in museum de tsjerke yn gebrûk en op 8 april 1937 foel it beslut fan 'e Ried fan Folkskommissarissen om de tsjerke te ferneatigjen en al gau dêrnei waard de tsjerke opblaasd.
Weropbou
bewurkje seksjeYn 'e jierren 1980 wiene wer lûden te hearren, dy't der foar pleiten om de katedraal wer op te bouwen. De grûn foar dat doel waard yn 1995 werom jun en doe setten ek de tariedings útein. Twa jier letter waard in boukommisje stifte, dêr't ek de Oedmoerdyske presidint Aleksandr Volkov syn sit yn naam. Mear as 45.000 partikulieren (wêrûnder Michail Kalasjnikov) en 500 bedriuwen joegen jild foar de weropbou, dy't tusken 2003 en 2007 plakfûn.
Op 5 augustus 2007 waard it haadalter fan 'e Michaeltsjerke troch patriarch Aleksi II ynwijd, dy't de earste liturgy yn 'e tsjerke opdroech yn oanwêzigens fan 'e presidint fan Oedmoersje en oare offisjele fertsjintwurdigers.
Sûnt july 2017 is de tsjerke de katedraal fan it bisdom Izjevsk en Oedmoersje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Святого Архистратига Михаила (Ижевск)
|