Militêre Ynteralliearde Kontrôlekommisje
De Militêre Ynteralliearde Kontrôlekommisje wie ien fan de trije tafersjochhâldende organen fan de alliearden fan de Earste Wrâldkriich. De kommisje waard ein 1919 ynsteld mei as doel om te kontrolearjen oft Dútslân en syn eardere bûnsgenoaten har holden oan de bepalings fan it Ferdrach fan Versailles en de oare fredesferdraggen.
De foarsitter fan de kommisje wie yn earste ynstânsje de Frânske generaal Charles Nollet, oant er op 1 july 1924 opfolge waard troch de Frânske generaal Camille Walch. Hy bleau oant 31 jannewaris 1927 foarsitter. Richard von Pawelsz fertsjintwurdige it Dútske Ryk as Rykskommisaris. Op 28 febrewaris 1927 hold de kommisje op mei syn aktiviteiten yn Dútslân, en itselde barde op 31 maart fan dat jier yn Hongarije en op 1 juny yn Bulgarije, wêrnei't de kommisje opheft waard.