Mimi Kok
Maria Christina (Mimi) Kok (Amsterdam, 25 jannewaris 1934) is in Nederlânsk aktrise- en stimaktrise. Sy spile yn tal fan Nederlânske films en yn Wim T. Schippers syn films en programmas wie hja de gesellige Gé Braadslee, de frou fan nachtklubeigner Waldo van Dungen. Fierders is hja bekend fan voice-overwurk yn de reklamespotsjes fan Túnsintrum Osdorp op de Amsterdamske telefyzjestjoerder AT5. Yn 2012 die hja mei oan it realityprogramma Krasse Knarren fan Omrop Max.
Rollen
bewurkje seksje- Pension Hommeles (1957-1959)
- Paranoia (1967), maîtresse fan Arnold
- Blue Movie (1971), frou mei bêd
- Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? (1972-1976), as Trol Ambam
- Frank en Eva (1973)
- Heb medelij, Jet! (1975), as dame yn de seal
- Rooie Sien (1975), as Toontje de Vries
- Adelbert (1977)
- De Mantel der Liefde (1978), as bakkersfrou
- Meneer Klomp (1978)
- Het is weer zo laat! (1978), as Gé Braadslee
- Erik en het klein insectenboek (1979)
- Twee vorstinnen en een vorst (1981), as Alde Mien
- Vrijdag (1981)
- De Fabriek (1981), als tsjinstfaam Janske
- De lachende scheerkwast (1981-1982), as Gé Braadslee
- Opzoek naar Yolanda (1984), as Gé Braadslee
- Paul Chevrolet en de ultieme hallucinatie (1985)
- Plafond over de vloer (1986), as Myra Swift-Balkema
- We zijn weer thuis (seizoen 4 en 5), as Mathilde van Setten-van der Kaap
- Han de Wit (1990)
- In voor- en tegenspoed (1991 en 1997), yn in tal ôfleverins as Mies
- Jeetje Meetje het was me het jaartje wel (1993), âldjiersshow mei Paul de Leeuw fan de VARA, by RTL6 (parody op de kommersjele telefyzjestjoerders)
- Filmpje! mei Paul de Leeuw (1995)
- Cross Fate (2000)
- Don Don Don Dominique (2011), fideoklipke en lietsje oer Dominique Strauss-Kahn fan Les Dames des Bulles skreaun troch Gonny van Oudenallen
- Krasse Knarren (2012), rige yn trije dielen mei âlde Bekende Nederlanners
- Singles (2012), met Frank Evenblij, tv-programma
- Living in Oblivion (2012), Eineksamentoanielstik fan regisseur Laurens Krispijn de Boer, in byrol.
ferskaat
bewurkje seksje- Waard yn 1951 Miss Zandvoort.
- Mimi Kok hat nea troud west en hat gjin bern. Sy wennet al fjitich jier oan in Amsterdamske greft.
- Yn it programma Krasse Knarren sei Mimi dat hja in soad lêst hat fan iensumens.
- Mimi Kok is amateurskilder en frijwilliger by de Helptillefoan Amsterdam