Miny-Israel (Hebriuwsk: מיני ישראל) is in miniatuerpark yn de omkriten fan Latrun, sa'n 15 km bewesten Jeruzalim, Israel. De plattegrûn fan it park hat de foarm fan in Davidsstjer. It park hat 385 makettes fan gebouwen en monuminten yn Israel, de measten op in skaal fan 1:25, 30.000 modellen fan minsken, 500 bisten, planten, 15.000 echte beammen (bonsais), 4700 auto’s, 230 frachtweinen, 100 motorfytsen, 14 treinen, 3 helikopters, 32 fleanmasines en 175 skippen. Teffens is der in lyts winkelsintrum. It park iepene yn 2002, hoewol't de offisjele iepeningsseremoanje plakfûn op 7 april 2003.

Miny-Israel
Miny-Israel

Keppeling om utens

bewurkje seksje