Mirjam (bibelsk persoan)
Mirjam is de namme fan in Bibelsk persoan. Hja wie de dochter fan Amram en Jokêbed en in âldere suster fan Moazes en Aäron.
As famke stie hja op in ôfstân te sjen hoe't de dochter fan de farao har broerke Moazes yn it bizen kuorke tusken it reid fan de Nyl fûn, dy't dêr earder troch har mem te fûnling wie lein. Moedich stapte Mirjam doe op de prinses ôf en fertelde dat hja wol in Hebriuwske frou wist dy't it bern de tate jaan koe. Sa kaam it jonkje, de man dy't it folk fan Israel út de slavernij fan de farao nei It Unthjitten Lân Kanaän liede soe, werom by syn echte mem (Exodus 2:1-8).
Mirjam wurdt foar it earst by namme neamd yn Exodus 15:21. Nei't de see de farao en syn gefolch ferswolge hie, fierde it folk feest. It wie in opteine en musisearjende Mirjam dy't it inisjatyf ta raaidûnsjen naam en it refrein fan it tankliet song:Sjong de Heare/Want Hy is heech ferheven/It hynder en syn ruter/smiet Er yn de see. Ek wurdt Mirjam yn dizze tekst in profetesse neamd.
Yn it boek Numeri(haadstik 12) wurdt gewach makke fan ûntefredenens fan Mirjam en Aäron: Hja seinen: Is Moazes de iennichste dêr't de Heare mei sprutsen hat. Hat Er ek net mei ús sprutsen?. Neffens de Hebriuwske skriften wie it Mirjam, dy't hjir it foartou naam. Dêrmei rôpen Aäron en Mirjam de lilkens fan de Heare op, Dy't as in wolkkolom delkaam. Nei't de Heare sprutsen hie en fuort gyng siet Mirjam ûnder de útslach. Sân dagen bleau Mirjam melaatsk en sa lang mocht hja it kamp net ynkomme. Dêrnei liet God de sykte ferdwine.
It Unthjitten Lân soe Mirjam nea sjen. Hja stoar yn 'e woastyn, noch foar har broer Aäron, en waard yn Kadesj begroeven.
Namme
bewurkje seksjeDe namme Mirjam stiet oan de oarsprong fan Marije en is sawol ûnder joaden as kristenen in populêre namme.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Miriam fan Wikimedia Commons. |