Mitsubishi A6M Zero
Mitsubishi A6M Zero | |
---|---|
Rol | Jachtfleanmasine |
Makker | Mitsubishi Heavy Industries |
Untwerper | Jiro Horikoshi |
Earste flecht | 1 april 1939 |
Yn tsjinst | 1 july 1940 |
Ut tsjinst | 1945 (Japan) |
Tal makke | 10.939 (1940–1945) |
Brûkers | Japanske Keizerlike Marineloftmacht, Sineeske Nasjonalistyske Loftmacht |
Fariant | Nakajima A6M2-N |
De Mitsubishi A6M Zero wie in jachtfleanmasine fan de Keizerlike Japanske Marine ûnder de Twadde Wrâldkriich. De 'Zero' wurdt beskôge as it meast kapabele, fan in fleandekskip ôf operearjend gefjochtsfleantúch fan de wrâld doe't it yn it begjin fan de oarloch yntrodusearre waard. It tastel hie in grut fleanberik, wie tige manûvrearber en swier bewapene. Japanske marine brûkte it jachtfleantúch ek fan fleanfjilden op it lân ôf.
Yn de earste gefjochten krige de Zero in reputaasje as dogfighter, mei in útstekkende kill ratio fan 12 tsjin 1, mar healwei 1942 stelde in kombinaasje fan nije taktiken en de yntroduksje fan bettere apparatuer alliearde piloaten by steat om de Zero op gelikense foet te bestriden. Tsjin 1943 wie de Zero minder effektyf tsjin nijere alliearde gefjochtsfleantugen.
De Zero hie gjin hydraulyske bekrêftiging fan rolroeren en rjochtingsroer, wêrtroch 't it dreech wie om te manoeuvrearjen by hege faasjes. Tsjin 1944, doe 't alliearde gefjochtsfleantugen it nivo fan manûvrearberens fan de A 6 M benei kamen en konsekwint de fjoerkrêft, bepânsering en faasje te boppe giene, wie de A 6 M foar it grutste part ferâldere as gefjochtsfleantúch. Lykwols, omdat fertragingen yn it ûntwerp en produksjeproblemen de yntroduksje fan nijere Japanske fleantúchmodellen behinderen, bleau de Zero tsjinjen yn in frontliny oant de ein fan de oarloch yn de Stille Oseaan. Yn de lêste fazen waard er ek oanpast foar gebrûk by kamikaze-operaasjes. Japan produsearre mear Zero's as alle oare modellen gefjochtsfleantugen yn de oarloch.
Technyske feiten
bewurkje seksjeFeiten | |
---|---|
Lingte | 9,07 m |
Spanwiidte | 12,00 m |
Hichte | 2,80 m |
Motor | Ien Nakajima Sakae 21 dûbelstjermotor fan 831 kW (1130 HK) |
Topfaasje | 561 km/o op 6.000 m |
Grutste fleanberik | 1.560 km |
Bemanning | 1 |
Tsjinsthichte | 10.700 m |
Bewapening | Twa 20-mm-kanonnen, ien 12,7 mm en ien 7,7 mm masinegewear, oant 318 kg bommen |
Totaalgewicht | 2.940 kg |
Feiten | |
---|---|
Lingte | 10,131 m |
Spanwiidte | 12,00 m |
Hichte | 4,305 m |
Motor | Ien Nakajima Sakae 21 dûbelstjermotor fan 708 kW (963 HK/4200 m) |
Topfaasje | 436 km/o op 4.300 m |
Bemanning | 1 |
Bewapening | Twa 20-mm-kanonnen, ien 12,7-mm- en ien 7,7-mm-MG; 120 kg bommen |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|