Moannenamme
In moannenamme is in bynamme foar moanne fan in jier, meastentiids ferwizend nei in âlde agraryske oantsjutting. It binne meastentiids ekwifalinten fan Nederlânske nammen, mar wike ôf foar jannewaris, febrewaris en maaie.
It Westerske jier hat de folgjende moannen:
Moanne | Tal dagen | Neamd nei | Moannenamme/bynamme |
jannewaris | 31 | De Romeinske god Janus | foarmoanne |
febrewaris | 28 of 29 | De Etruskyske god Februus | Selle (moanne), selle kin in foarm wêze fan 'soal = slyk, dridze' |
maart | 31 | De Romeinske god Mars | Foarjiersmoanne |
april | 30 | aperire ( = 'iepenje' yn it Latyn) | Gersmoanne |
maaie | 31 | De Romeinske goadinne Maia | Bloeimoanne, Mariamoanne |
juny | 30 | De Romeinske goadinne Juno | Simmermoanne |
july | 31 | De Romeinske diktator Julius Caesar | Heamoanne |
augustus | 31 | De Romeinske princeps Imperator Caesar Augustus | Rispmoanne |
septimber | 30 | Latyn foar sânde moanne | Hjerstmoanne |
oktober | 31 | Latyn foar achtste moanne | Wynmoanne |
novimber | 30 | Latyn foar njoggende moanne | Slachtmoanne |
desimber | 31 | Latyn foar tsiende moanne | Wintermoanne, Feestmoanne |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|