Mokkebankfestival
It Mokkebankfestival is in jierliks muzykfestival yn Bakhuzen. It wurdt yn novimber hâlden yn de sporthal fan De Gearte.
Popmuzyk, fanfare, trûbadoers en koaren moetsje elkoar, folje elkoar oan en hawwe mienskiplike optredens. It festival foeget ferskate muzyksjenres gear en biedt in poadium foar regionale en Fryske artysten. Yn it ferline treden hjir al atrysten op as fanfare Euphonia, Geartsje de Boer en Piter Wilkens.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |