Mon (embleem)
In mon is in Japansk symboal foar in persoan, famylje or organisaasje. It is styllearre, ornaris rûn ûntwerp. Oars as by in Jeropeesk wapen, docht de kleur der net ta; der binne allinnich in foargrûnkleur en in eftergrûnkleur, en hoe't dy ek keazen wurde biuwt it deselde mon. Al is it fansles sa dat op papier de eftergrûnkleur wyt is en de foargrûn ornaris swart. Faak is de natoer it mêd fan in mon, mar der kinne ek troch de minsken makke figuren yn foarkomme, of abstrakte figueren. In mon wurdt wol ontsjut mei wat dy foarstelt, lykas "de risende sinne", mar at de mon feroaret, dan feroaret de beskriuwing mei. It is wat dat aonbelanget el oars as by wapens, dêr't de beskriuwing fêst leit en de tekening der by passe moat.
-
It segel fan de Japanske Keizer, ôflaat fan de Krysant mon
-
Krúste haukfearren yn in sirkel, mon fan de Kubo en Hidaka famyljes
-
Fiif bamboeblêden, de mon fan de Shofukutei Rakugo famylje
-
It logo fan Mitsubishi, yn rea de trije ruten mon fan de famylje
-
De mon fan de Katsura famylje, in trijefoet fan ikeblêden
-
De mon fan de Aso famylje is in útbrekker
-
Trije blêden fan de wylde gimber, de mon fan de Tokugawa sjoguns
-
De mon fan de Yamaguchi-gumi