Mordekai
Mordekai is foar joaden ien fan de helden, dy't yn de tiid fan de Babyloanyske ballingskip tegearre mei syn omkesizzer Ester harren folk foar in folsleine útroeging wist te behoedzjen.
Bibelsk ferhaal
bewurkje seksjeDe joad Mordekai wenne yn Sûsan, yn de âldheid in grutte stêd yn it tsjintwurdige Iraan. Hy wie in soan fan Jaïr en syn oerpake wie Kisj, in Benjaminyt dy't mei oare ballings út Jeruzalim weifierd wie nei Babyloanje. Nei't har heit en mem ferstoaren adoptearre Mordekai syn omkesizzer Hadassa (Ester 2:7), de lettere keninginne Ester, dy't er as ien fan syn eigen grutbrocht. Doe't der jonge fammen socht waarden foar de kening, waard ek de kreaze Ester fan hûs helle en hja kaam yn de harem fan de kening Ahasvearos telâne. Mordekai hie Ester mei klam hjitten nea oer har joadske komôf te praten. Fan alle froulju hied de kening Ester it leafste, hja soe it plak ynnimme fan de troch de kening ferstjitten keninginne Wasty.[1]
Mordekai siet yn dy tiid in soad by de poarte fan it keninklik paleis. By tafal hearde er ris it praat fan twa poartewachters, dy't fan doel wiene in oanslach op de kening út te fieren. Mordekai fertelde it oan syn omkesizzer Ester, dy't de kening ynformearre sadat de plannen op 'e tiid mislearren en de gearspanners ophongen waarden.
Driigjende útroeging
bewurkje seksjeOm't Mordekai altiten koppich wegere te bûgjen foar Haman, ien fan de heechste amtners fan it ryk, krige dy sa bot it mier oan de man, dat er him dea dwaan woe. En doe't er hearde dat Mordekai in joad wie, woed er net allinne Mordekai dea ha, mar ek alle oare joaden yn it Perzyske Ryk útroegje. Hy wist kening Ahasvearos te oertsjûgjen dat de joaden net yn syn ryk pasten, hja hiene eigen wetten, libben apart en wegeren it befel fan de kening út te fieren. Dêrom krige Haman in frijbrief fan de kening om te dwaan mei de joaden wat er woe. De massaslachting soe op de 13e dei fan de moanne Adar plakfine en de tariedings wiene al op folle gong.
Nei't Mordekai foar de safolste kear Haman net de eare joech dy't him takaam, liet er yn oerlis mei syn frou in hege peal by syn eigen hûs delsette, dêr't Mordekai op de dei fan de slachting ophongen wurde soe.
Mordekai's triomftocht
bewurkje seksjeMordekai brûkte no syn omkesizzer Ester, dy't yntusken keninginne wie, om Haman's grousume plannen tefoarren te kommen, mar earst soe Haman nochris goed fernedere wurde. Doe't Ahasvearos gjin wink yn eagen krije koe liet er him op in nacht foarlêze út de kroniken. Ek it ferhaal fan de oanslach, dy't Mordekai mislearre litten hie, waard him foarlêzen en sa kaam de kening der efter dat Mordekai dêr nea in beleaning foar hân hie. Hy frege oan Haman wat te dwaan mei de man dy't de kening grutte eare jaan woe. Haman miende dat de kening him dy eare ferliene woe en stelde in triomftocht troch de stêd út, op it hynder fan de kening, yn de klean fan de kening en mei de kroan fan de kening op. Ien fan de heechste amtners yn it ryk soe foarop rinne en it folk dúdlik meitsje moatte dat soks de wize wie wêrop't de kening immen eare joech. En sa barde it: Mordekai waard yn keningsklean op it hynder troch de stêd fierd mei Haman foarop, lûd roppend dat sa de kening die mei immen dy't er eare bewize woe.
Befrijing
bewurkje seksjeNei dy foar Haman sa fernederjende tocht hied er noch in útnoeging stean om mei de kening by Ester te iten. Dêr makke Ester de kening bekend dat Haman fan doel wie har en har folk út te moardzjen. Kening Ahasvearos liet Haman fuort oppakke en ophingje oan de peal, dy't foar Mordekai ornearre wie.
Ester krige it hûs fan Haman en Mordekai krige syn funksje. Alle joaden krigen it rjocht harren te ferdigenjen en te organisearjen en op de dei dat hja ôfslachte wurde hiene de joaden it rjocht om harren wreken. De dei dat Haman's plan útfierd wurde soe waarden net de joaden, mar de antysemiten útroege. Tsientûzenen tsjinstanner fan de joaden waarden ombrocht by de gefjochten. Mordekai wie in machtich man woarn en skreau alle foarfallen op. Ek stelde Mordekai in feest fan twa dagen yn, dêr't alle joaden harren oan hâlde moasten, dat ûnder de namme Pûrim bekend waard. Mordekai waard kening, de earste yn rang nei kening Ahasvearos.
Grêf
bewurkje seksjeNeffens de joadske tradysje stiet de tombe fan Ester en Mordekai yn Hamadan, Iraan. Foar Iraanske joaden is de tombe it wichtichste pylgerplak yn it lân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|