Morgan Tsvangirai

Morgan Tsvangirai (10 maart 1952 - 14 febrewaris 2018) wie in Simbabweeske politikus. Hy wie sawol lieder as meioprjochter fan de Movement for Democratic Change (MDC), de opposysjepartij yn Simbabwe. Op dit stuit is er it symboal fan 't ferset tsjin de represje yn Simbabwe. Sûnt 11 febrewaris 2009 is hy premier.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Morgan Tsvangirai, Oslo 2009
Photo: Harry Wad

Tsvangirai dy't opgroeide ûnder it apartheidsrezjym fan Ian Smit wie de âldste fan in húshâlding mei njoggen bern en moast al betiid meihelpe om de kost te fertsjinjen. Hy folge amperoan ûnderwiis en gie wurkjen yn de nikkelminen. Dêr rekke hy al gau belutsen by it fakbûnswurk.

Yn 1988 waard er keazen ta sekretaris-generaal fan it Simbabwaanske kongres fan fakbûnen (ZCTU). Troch it regear waard hy finzen nomd op beskuldiging fan spionaazje foar Súd-Afrika. Ferskate kearen waard er slachtoffer fan geweld troch rebûlje yn Simbabwe, dy't mei troch it regear stipe waard. Ek is der besocht om him te fermoardzjen, ynklusyf in poging yn 1997, doe't in ûnbekende oanfaller syn kantoar binnenfoel en him út it rút fan de tsiende ferdjipping triuwe woe.

Yn 1997 organisearre hy ZCTU-stakings.

Yn 1999 holp er mei de opposysjeparty MDC te foarmjen. Troch syn populistyske optreden en talint om massa's op te swypkjen waard er fansels lieder fan de partij. Tidens de algemiene ferkiezings yn juny 2000 helle syn partij in grutte oerwinning, mar noch net genôch om de regearende Zanu-PF-partij te ferslaan. De MDC wûn 57 fan de 120 setels.

Yn 2005 kaam it ta in splitsing fan de partij doe't Morgan besleat dat de MDC net mei dwaan soe oan de ferkiezings, wylst de partijlieding krekt besletten hie mei algemiene stemmen om it al te dwaan. De ferkiezings dat jier waarden troch de MDC ferlern: de ZANU-PF wûn doe 78 setels en de MDC krige mar 41 setels. In protte yntellektuelen ferlieten de partij.

Yn 2008 wûn Morgan de earste ronde fan de presidintsferkiezings. Hy helle mear stimmen as syn rivaal, de Zimbabwaanske presidint Robert Mugabe. Dochs soarge dat resultaat foar in soad argewaasje en ûnrest by de machtshawwers fan it lân. Op 22 juny 2008 joech hy troch oanhâldend geweld tsjin oanhingers fan de opposysje syn kandidaatstelling op en socht taflecht yn de Nederlânske ambassade.

Troch syn politike tsjinstanner Robert Mugabe wurdt er hieltyd útmakke foar nitwit, omdat er net folle oplieding hân hat. Yn tsjinstelling ta Morgan beskikt de presidint wol oer in rige fan universitêre titels.

Tsivangirai stoar yn âldens fan 65 jier oan de gefolgen fan termkanker yn Súd-Afrika.

  • LC fan 24 juny 2008, side 4.