Morse (sinjaal)

sinjaal

Morse is in rige fan feroarings fan in twaweardich sinjaal dy't brûkt wurde om ynformaasje troch te jaan.

Sinjaal bewurkje seksje

Morse is basearre op in twaweardich sinjaal, meast oan en út. Hjirmei kinne boustienen makke wurde fan koartere of langere perioades fan al as gjin sinjaal. Die boustienen kinne kombinearre wurde ta koades foar in alfabet. It skaamerk fan in morsesinjaal is dat it kontinue is; oars as by oare systemen is ek de langte fan stiltes fan belang.

Morse-alfabet bewurkje seksje

Yn it morse-alfabet wurde hjoed de dei fiif boustienen brûkt:

  • koart oan, stip (1)
  • koart út, sinjaalein (1)
  • lang oan, streek (3)
  • lang út , letterein (3)
  • noch langer út, wurdein (6 of 7)

By gelyks, it wurd "as" wurdt by gebrûk fan it morse-alfabet kodearre as:

"_ ___   _ _ _       "

(stip, sinjaalein, streek, letterein, stip, sinjaalein, stip, sinjaalein, stip, wurdein).

Amerikaansk morse bewurkje seksje

Foar in alfabet kinne lykwols ek oare boustienen keazen wurde. It Amerikaanske morse-alfabet hie:

  • koart oan, stip (1)
  • koart út, sinjaalein (1)
  • wat langer oan, streekje (2)
  • wat langer út, oerslaan (2)
  • lang oan, streek (4)
  • lang út , letterein (4)
  • noch langer oan, langstreek (6)
  • noch langer út, wurdein (6)

Sinjaalsoarten bewurkje seksje

Njonken it elektro-magnetyske signaal fan Samuel Morse wurdt morse fral brûkt mei it radiosinjaal fan Guglielmo Marconi en mei de sinjaallamp fan Andrew Young.