Motol
Motol (Wytrussysk: Моталь, Russysk: Мотоль, Poalsk: Motol) is in stêd yn it rayon Ivanawa yn de provinsje Brest sa'n 30 kilometer bewesten Pinsk oan de rivier de Jaselda yn Wyt-Ruslân.
Motol Моталь | ||
De tsjerke yn 1916 | ||
Bestjoer | ||
Lân | Wyt-Ruslân | |
Rajon | Ivanawa | |
Provinsje (oblast) | Brest | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.772↑ (2014) | |
Hichte | 140 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+3 |
It plak hat in lytse 4.000 ynwenners. Motal is it berteplak fan de earste Israelyske presindint Chaim Weizmann.
Skiednis
bewurkje seksjeMotal waard foar it earst neamd yn in oarkonde út 1422. Yn 1555 krige Motol Maagdeburger stedsrjocht. Motol wie in sjtetl. Yn 1937 hie Motol 4.297 ynwenners, dêr't 1.354 fan Joaden wiene. (Reinharz, 1985).
Yn augustus 1941 waard benei de hiele joadske befolking fan 3.000 persoanen deadien troch de Waffen-SS. De Dútsers waarden dêrby holpen troch in part fan de ynwenners. Earst waarden 30 jonge, joadske manlju foardere om in massagrêf te dollen. De folwoeksene joadske manlju, totaal 800 man, waarden dêrnei ien foar ien deasketten. De oaredeis waarden de oerbleaune 2.200 joaden, froulju en bern, mei mitrailleurs yn it fjild deasketten.[1]
Berne yn Motol
bewurkje seksje- Chaim Weizmann, Israel syn earste presidint
- David Bloch - Blumenfeld, boargemaster fan Tel Aviv
- Saul Lieberman, rabbyn en Talmoedlearde
- Leonard Chess (Lejzor Czyz) en Phil Chess (Fiszel Czyz), oprjochters fan Chess Records
- Azriel Shohat, Israelysk histoarikus
- Michael Tzvi Halevi Tennenbaum, teolooch, rabby fan Lomza
- Dov Yarden, Israelysk histoarikus fan de Midsiuwen
Literatuer
bewurkje seksje- Jehuda Reinharz, Chaim Weizmann: The Making of a Zionist Leader (1985).
- Itzhak Epstein, Jewish Motol: Genealogical and Family History Bibliography pdf
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|