Museum Nairac is in gemeentemuseum yn Barneveld en oprjochte yn 1875 troch de destiidske boargemaster, mr. C.A. Nairac.

Museum Nairac
Brouwershûs

Der binne archeologyske en oare histoaryske foarwerpen te besjen, garre troch Nairac en syn boade Bouwheer út harren streek De Feluwe. Sa ûntstie in grutte samling archeologyske foarwerpen út de iere midsiuwen. Sûnt 1975 sit it museum yn it sintrum fan it doarp foar de tsjerke oer yn in 17e iuwsk pân mei de namme De Brouwerij.

Nei in sluting fan in jier is it museum sûnt 1 maaie 2013 is it museum wer iepen. De monumintale pleats/brouwerij is op 'e nij ynrjochte mei in fêste presintaasje fan 11 temakeamers. It museum is útwreide mei twa eksposysjesealen dy 't ûnderbrocht binne yn in moderne oanbou achter it besteande gebou. Njonken de fêste kolleksje binne der alle jierren op syn minst trije wikseleksposysjes te sjen op it mêd fan keunst en design.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: