Music Shop Europe
Music Shop Europe (foarhinne De Haske Publications) is in ynternasjonaal renomearre útjouwerij fan blêdmuzyk op It Hearrenfean. Eigner is komponist en dirigint Jan de Haan.
Yn 1983 rjochte Jan de Haan it bedriuw ûnder de namme De Haske Publications op. As komponist en dirigint joech er yn 't earstoan allinnich syn eigen wurk út. Letter fûnen hieltyd mear komponisten út de hiele wrâld it paad nei De Haske en ferbûnen harren nammen dêroan. Yn 2008 waard De Haske ûnderdiel fan de Hal Leonard Corporation, de grutste útjouwerij fan blêdmuzyk fan 'e wrâld. Yn 2015 waard it bedriuw omneamd ta Music Shop Europe. It bedriuw makket en distribuëarret ferskate útjeften en metoaden foar sa goed as alle ynstruminten, mar ek foar orkesten, koaren en ensembles. Yn 2007 eksportearre Music Shop Europe nei sa'n 75 lannen en hie it bedriuw eigen kantoaren yn Ingelân, Dútslân, Switserlân, Frankryk, Itaalje en de Feriene Steaten.