MyAnna Buring, pseudonym fan Anna Margaretha My Rantapää (Sundsvall, 22 septimber 1979), is in Sweedsk-Britsk aktrise. Yn 2005 wie har filmdebút as Sam yn de horrorfilm The Descent, fan regisseur Neil Marshall, dy't har trije jier letter op 'en nij in rol joech yn de sciencefictionfilm Doomsday.

MyAnna Buring
akteur
Myanna Buring, 2014
Myanna Buring, 2014
persoanlike bysûnderheden
echte namme MyAnna Margaretha Buring Rantapää
nasjonaliteit Sweedsk
Britsk
berne 22 septimber 1979
berteplak Sundsvall,
etnisiteit sweedsk
jierren aktyf 2004-no
offisjele webside
IMDb-profyl

Buring waard berne yn Sweden as lid fan 'e Finske minderheid yn Sweden, mar grutbrocht yn it Heine Easten. Se folge de Amerikaansk-Britske skoalle yn Maskat yn Oman. Op har tretjinde ferhuze se nei Ingelân, dêr't hja Spaansk en Drama studearre oan de Universiteit fan Bristol. Yn 2004 helle se it diploma fan de London Academy of Music and Dramatic Art. Se spilet in protte rollen yn it Britske teäter en is meidirekteur en regisseur by de MahWaff Theatre Company yn it Londenske Westein.

Buring hat njonken filmrollen ferskate optredens yn Britske telefyzjerigen op har namme stean. Se fersynde ien kear yn ûnder oare Casualty, Midsomer Murders, Inspector George Gently en Doctor Who, in tal kearen yn The Wrong Door en as it fêste personaazje Edna yn it lêste seizoen fan Downton Abbey. Se hie ien fan de haadrollen yn Ripper Street en yn 2017 spile hja de haadrol fan resjersjeur Helen Weeks yn de BBC-minyrige In the Dark nei de roman fan Mark Billingham.

*Sûnder telefyzjfilms

Jier Titel Rol Opmerking
2016 The Witcher 3: Wild Hunt – Blood and Wine Anna Henrietta Stim