NCD (taalkunde)
In NCD (fan it Ingelsk: 'Non-convergent discourse'), ek wol twatalich petear of asymetrysk petear) is in petear dêr't de peteargenoaten ûnderskate talen brûke. NCD binne bygelyks yn Skandinaavje wenst, dêr't de ferskillen tusken de Germaanske fariëteiten lytsernôch binne om de fersteanberens net op te kearen. De term NCD is troch de Fryske taalsoasjolooch Reitze Jonkman ynbrocht.