NPO Radio 1 is in nasjonale radiostjoerder fan 'e Nederlânske Publike Omrop mei benammen nijs, sport en eftergrûnnen. Fan 1947 oant 1 desimber 1985 hiet de stjoerder Hilftersom 2 en dêrnei Radio 1. Fan 19 augustus 2014 ôf steane de letters NPO foar Radio 1.

NPO Radio 1
medium Radio
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
oprjochte 15 jannewaris 1947 (as Hilfertsom 2)
haadkertier n.f.t.
ûntfangstgeb. Nederlân
eigner Nederlânske Publike Omrop
webside www.nporadio1.nl

Oant 1995 hienen de omroppen harren eigen aktualiteiteprogramma's. Dit soarge foar in protte oerlapping en jildfersmiterij. Sûnt septimber 1995 wurkje de omroppen dêrom ûnder de NOS gear yn it Radio 1 Journaal. Dit gong yn 2005 op yn 'e ôfdieling NOS Nijs, de nijsorganisaasje fan 'e NOS.

De stjoerderkoördinator is Laurens Borst. Yn 2016 stjoerden de folgjende omroppen út op Radio 1: NOS, AVROTROS, KRO-NCRV, BNN-VARA, WNL, EO, NTR, VPRO, MAX, PowNed en Human.