- Nacht
- Stjerren blinke, wyntsjes swije,
- En natoer leit yn 'e slom
- 't Is de stillen nacht fan 't frijen
- Kom, myn leave famke, kom!
- Lit ús hân oan hân hjit sitte,
- Foar nin loerjende eagen bang
- Lit ús wrâlds fertriet ferjitte.
- Leafde wit hjir fan nin twang
|
|
- Djippe stilte is om ús hinne,
- En it fjild leit yn de dau;
- 'k Hear it flústerjen allinne,
- „Ivich, ivich, leafde en trou!”
- Ingels yn dit hillich tsjuster
- Flodderwjokje om ús ta;
- Sizze fan ús lok ferwondere:
- „Wêr is 't yn de himel sa?”
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Boalsert/Ljouwert, 1958 (A.J. Osinga Utjouwerij/R. van der Velde), sûnder ISBN, s. 89.
- Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9 06 06 64 892, s. 87.
|