Nadab († 906 f.Kr.; oare boarnen 910 f.Kr. oant 909 f.Kr.) wie de soan fan Jerobeäm en de twadde kening fan it tsienstammeryk Israel.

Kening Nadab

In soad is der net bekend fan Nadab, want syn regear duorre mar twa jier. Nadab besocht de Filistynske stêd Gibbeton te feroverjen. Doe't hy de stêd belegere, spande Basa gear tsjin de kening en deade him dêr. Basa waard kening fan it lân en liet dêrnei fuort it hiele neiteam fan Jerobeäm útroegje.[1]

De oarsaak fan de fal fan kening Nadab leit neffens de Tenach yn it opstellen fan twa gouden keallen op de hillige plakken Bet-El en Dan bedoeld. Jerobeäm hie tidens syn regear dizze ôfgoaden oprjochtsje litten om se te ferearjen en offers te bringen.[2].

Mei it útmoardzjen fan Nadab en syn famylje kaam de profesij fan de profeet Achía fan Sjilo út, dy't hy foarsein hie oan de frou fan Jerobeäm.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 Keningen 25-31
  2. 1 Keningen 12:26-32
  3. 1 Keningen 14:6-10