Nasjonaal Modelspoar Museum
It Nasjonaal Modelspoarmuseum sit yn de eardere stasjonsrestauraasje fan Snits.
Grutste diel is de Scheltemaseal, neamd nei de Snitser antikêr Piet Scheltema dy't yn 1977 begûn mei it sammeljen fan Nederlânske modeltreinen. Benammen de NTM krijt in soad omtinken. Neist ridende treintsjes binne der diorama's en fitrines mei bûtenlânske modeltreinen.
Middenyn it museum is de Snitser Berg Baan boud. De baan is ynspirearre troch de Dútske Harzbaan.