Natal (provinsje)

Natal is de eardere namme (fan 1910 oant 1994) fan de tsjintwurdige provinsje KwaZoeloe-Natal fan de Republyk fan Súd-Afrika.

kaart fan de eardere provinsje Natal

Nei in kriich tusken Zûlûkening Dingaan en de foartrekkers (sjoch: Grutte Trek) waard it gebiet besuden de rivier de Umfolozy ta Boererepublyk ferklearre. Sy krige de namme Republyk Natalja en wreide har gesach yn 1840 út oer it gebiet westlik fan it Drakensberchtme. De Republyk bestie mar in pear jier en waard doe anneksearre troch de Britten en ynlive by de Kaapkoloanje. Yn 1893 krige Natal selsbestjoer. Yn 1897 waarden Zûlûlân en Tongalân oan Natal taheakke en nei de twadde frijheidskriich ek de Transvaalske disktrikten Vrijheid en Utrecht.

Nei de fal fan it apartheidsrezjym krige de provinsje de namme KwaZoeloe-Natal.