It Nearo-dekreet (Befehl zu Zerstörungsmaßnahmen im Reichsgebiet) wie de koadenamme fan in befel dat Adolf Hitler op 19 maart 1945, yn de lêste dagen fan it Tredde Ryk, útgean liet, wêrmei't de ferneatiging begûn waard fan de hiele Dútske yndustriële ynfrastruktuer. Albert Speer, destiids Ryksminister foar Bewapening en Munysje, beskreau yn syn memoires "Inside the Third Reich" de gaos fan de dagen neidat it befel jûn waard en de minne tiid dy't hy hie om de nazi-distriktlieders (Gauleiters) te oertsjûgjen it Nearo-befel te negearen en de oerbliuwende ynfrastruktuer (nei de alliearde bombardeminten) noch yntakt te litten. Sadwaande koe dy as basis brûkt wurde foar it neioarlochske tiidrek.

Teleks fan it befel oan Speer