Nederdútsk-grifformearde tsjerke (Franschhoek)
De Nederdútsk-grifformearde tsjerke yn Franschhoek is in herfoarme tsjerke yn Súd-Afrika. De gemeente waard yn 1847 stifte en wie de twaentritichste gemeente fan it tsjerkegenoatskip.
Nederdútsk-grifformearde tsjerke
Groot Kerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Súd-Afrika | |
plak | Franschhoek | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | Aldste diel: 1841-1847, útwreiding 1883 | |
offisjele webside | ||
ngkfranschhoek.co.za |
De namme fan it plak Franschhoek betinkt de komst fan Frânske hugenoaten nei de delling tusken de bergen. Ek hjoeddedei docht der noch in soad oan de hugenoaten werom tinken, lykas nammen, grêven en it Hugenoatenmonumint fan Franschhoek, dat yn april 1948 ûntbleate waard. De ynwenners fan it gebiet, dat ea Olifantshoek neamd waard, foarmen yn it earstoan in tsjerklike mienkskip mei Simondium en Drakenstein. Foar in skoft waard der yn Simondium sels earst noch troch dûmny Pierre Simond yn it Frânsk preke. Mei de tiid fermongen de hugenoaten harren mei de Nederlanners en mei de stifting fan in gemeente yn Paarl yn 1691 foel Franschhoek dêr ûnder.
Yn 1833 waard der in kapel yn Franschhoek boud en troch dûmny Van der Lingen út Paarl ynwijd. De ôfskieding ta in selsstannige gemeente fûn yn 1845 plak, nei't Pieter Nicolaas Ham út Amsterdam yn septimber 1844 as helpdûmny beroppen wie. It wie in drege tiid foar de gemeente. Der wie brek oan jild en in diel fan de gemeente koe mar min mei de dûmny oer wei. Ham waard û.o. beskuldige fan drankmisbrûk, hy wenne de gearkomsten fan de tsjerkerie net by en soe boppedat ek de gemeente somtiden ferlitten ha sûnder dêrfan kund te dwaan. Nei't de saak sels foar de synoade tsjinne, moast Ham syn ûntslach oanfreegje.
De tsjerke waard yn 1883 mei in noardlike en súdlike fleugel fergrutte en yn de jierren 1967-1968 restaurearre.
Tidens it amt fan dûmny Adriaan Jacobus van Wijk kocht de tsjerke yn 1923 in oargel oan. Ek yn Van Wijk's tiid waard it Nederlânsk yn de tsjerke as fiertaal ferfongen troch it Afrikaansk. De earste Afrikaansktalige notulen fan de tsjerkerie waarden yn jannewaris 1929 skreaun. Yn 1933 kamen de earste Afrikaansktalige Bibels yn Kaapstêd oan en ek yn Franschhoek waard in Afrikaansktalige Bibel feestlik yn gebrûk nommen. Yn 1937 skafte de tsjerke it earste Afrikaansktalige psalmboek oan.
De tsjerke waard yn de jierren 1960 restaurearre. De ierdskodding op 29 september 1969 brocht op guon plakken grutte skea oan, mar tank oan de betonnen fersterkings oan it muorrewurk dy't mei de restauraasje oanbrocht wiene, stelde de skea oan de tsjerke net in soad foar. Yn 1972 waard de tsjerke in nasjonaal monumint.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Preekstoel
-
Oargel
-
Klok
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|