Nel van der Zee
Pieternella Cornelia Kamp-Van der Zee (Brussel, 7 maart 1921 - De Haach, 16 septimber 2016) wie in Flaamsk auteur fan 'kristlike' jeugdboeken en famylje- en streekromans. Se skreau yn it Nederlânsk. Teffens wie se ferpleechkundige en waard letter ien fan de earste yntersedinten fan Nederlân yn it bedriuw fan har man.
Nel van der Zee | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pieternella Cornelia Kamp-Van der Zee | |
nasjonaliteit | Belgysk | |
berne | 7 maart 1921 | |
berteplak | Brussel | |
stoarn | 16 septimber 2016 | |
stjerplak | De Haach | |
etnisiteit | Flaamsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | famkesboek, streekroman, famyljeroman | |
útjouwer | Westfriesland, Kok, Kluitman | |
jierren aktyf | 1951 – 2016 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Van der Zee skreau ynearsten allinnich famkesboeken, dy't yn dy tiid as modern gouwen. Se debutearre yn 1951 mei it boek De promotie van Jet Didam útjûn troch útjouwerij Westfriesland yn Hoarn. Yn de jierren sechtich waard se tige populêr doe't har wurk oant werprinte waard yn de pocketrige Witte Raven. Yn de jierren santich sette se út ein mei it skriuwen fan streekromans en famyljeromans. Dy lêsten ferskynden by Utjouwerij Kok yn Kampen.
Nel van der Zee publisearre goed 200 titels wêrfan't 50 romans wiene. Der waarden in lytse 1,5 miljoen fan ferkocht. Yn jannewaris 2016 ferskynde har lêste roman "Vroeger is voorbij".
Se troude twaris, mar hie gjin bern. Se stoar yn de âldens fan 95 jier.
Bibliografy
bewurkje seksjeIn kar:
- De promotie van Jet Didam (1951)
- De weg tot elkander
- Les in geluk
- Vroeger is voorbij (2016)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|