Nelly Zandberg
Nelly Zandberg (Ljouwert, 1968) is in Fryske byldzjend keunstner út Ljouwert.
Nelly Zandberg studearre yn 1993 ôf oan de Akademy foar Byldzjende Foarming Minerva yn Grins. It sykjen nei kontakt mei it libben sels om sa har driuwfearren kennen te learen fielt foar har as in oerbegjinsel. Troch herkenning fan de taskôger ûntstiet kommunikaasje en faaks ek dialooch.
Persoanlike erfaringen foarmje faak de oanlieding ta har wurk. Ek de wurkromte sels foarmet de oanlieding. Se brûkt graach lokaasje dêr't se út it ferline in bining mei hat. Sa foarme it wurk dat yn it leechsteande âlderhûs makke wie oanlieding foar in spesjale eksposysje op De Gordyk. Ein 2006 wurke se yn it leechsteande Grut Lankum yn Frjentsjer dêr't har mem yn opnomd west hie. De delslach fan dizze perioade wie te sjen op in tentoanstelling Museum Martena yn Frjentsjer en ferskynde letter yn boekfoarm.
Eksposysjes wienen ûnder oare yn it keunstnershûs Silkeborch yn Denemark, Den Briel en yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |