Niccolò Machiavelli

Niccolò Machiavelli (Florâns, 3 maaie 1469 - dêre, 21 juny 1527) wie in Italjaanske politikus en filosoof en wurdt beskôge as ien fan de grûnlizzers fan politike wittenskippen. Hy wie diplomaat, polityk filosoof, muzikant en toanielskriuwer, mar benammen in tsjinner fan de Florentynske republyk. Yn juny 1498, nei de ôfsetting en eksekúsje fan Girolamo Savonarola, beneamde de ried Machiavelli ta sekretaris fan de twadde kânselarij fan de Florentynske republyk en beklaaide er dy funksje oant ein 1512.

Niccolò Machiavelli op it portret fan Santi di Tito

Krektas Leonardo da Vinci wurdt Machiavelli beskôge as in foaroansteand persoan út de Renêssânse. Hy is it meast ferneamd fan syn politike ferhanneling Il Principe, skreaun yn 1513, mar pas publisearre yn 1532, fiif jier nei syn ferstjerren. Alhoewol't er Il Principe yn freonefermiddens omgean liet, is syn ienige by libben publisearre wurk Dell'arte della guerra oer militêre wittenskip. Sûnt de sechtjinde iuw is syn wurk it foarbyld fan de synysk-realistyske beneikommen fan politike macht. In slûchslimme en misliedende polityk wurdt nei Machiavelli machiavellistysk neamd.

Yn 1513 skreau er Il Principe dat oerset wurde kin as De foarst of De hearsker, in boek dat noch hieltyd lêzen wurdt. Meastepart fan dat boek wurdt karakterisearre troch utilistysk tinken: it doel hillicht de middelen. Soks stiet ek wol bekend as teleologyske etyk en is krekt it tsjinoerstelde fan de deöntologische etyk, dat allinnich nei de etyske oannimlikheid fan de middelen sjocht. Sintraal yn Il Principe stiet it begryp Virtù, dat earder op politike diedkreft tsjut as op deugd. Prinsen waarden hjiryn maand net te soft te wêze en hieltyd it belang fan de steat foar eagen te hâlden. Foar de kar steld te wurden populêr of freze te wêze, soe in prins hieltyd kieze moatte om freesd te wêze. As rolmodel foar in prins dy't Virtù hie stelde Machiavelli de freesde Cesare Borgia foar.
Mânsker en faaks ek wichtiger as Il Principe binne de Discorsi, folút de Discorsi sopra la prima deca di Tito Livio (Ferhandelingen oer de earste tsien boeken fan Titus Livius). It is net krekt bekend wannear't de Discorsi skreaun binne, mar Machiavelli's eigen ferwizing dernei yn syn Il Principe (haadstik II) jout oan dat de Discorsi al foar 1513 skreaun wêze moat.

 
"Niccolò Machiavelli"
  • Niccolò Machiavelli, "Il Principe en andere politieke geschriften". Oersetten, ynlieden en fan oantekeningen foarsjoen troch Paul van Heck. Amsterdam, Ambo, 2009 (1e útjefte 2006).
  • Niccolò Machiavelli, ''Discorsi. Gedachten over Staat en Politiek'. Oersetten, ynlieden en fan oantekeningen foarskjoen troch Paul van Heck. Amsterdam, Ambo, 2007 (1e útjefte 1997).
  • Niccolò Machiavelli,"Toneel en verhalend proza. Mandragola, Clizia, Belfagor". Oersetten, ynlieden en fan oantekeningen foarsjoen troch Paul van Heck. Leien, Primavera Pers, 2010.
  • Machiavelli, De heerser, Nederlânske oersetting troch Frans van Dooren. Amsterdam: Polak & Van Gennep, 1982. (4e printinge) ISBN 90-253-1541-0
  • Machiavelli, De heerser (yllustrearre edysje), Nederlânske oersetting fan Gert-Jan Kramer en Chris Mouwen. Kerkdriet: Librero, 2007. ISBN 978-90-5764-867-0
  • Il Sorriso di Niccolò: Storia di Machiavelli van Maurizio Viroli.
  • Machiavelli - The Art Of War (Dell'arte della guerra)
  • Steven Kreis, Niccolo Machiavelli, 1469-1527, Lectures on Early Modern European History/historyguide.org.
  • Cary Nederman, Niccolò Machiavelli, Stanford Encyclopedia of Philosophy, 2005.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Niccolò Machiavelli fan Wikimedia Commons.