Nick Holonyak
Nick Holonyak Jr. (Zeigler (Illinois), 3 novimber 1928) is in Amerikaansk natuerkundige dy't yn 1962 de earste ljochtjaande dioade (led) makke. Op dat momint wie hy yn tsjinst as wittenskipper ferbûn oan it General Electric Company laboratory yn Syracuse, New York.
Yn 1963 foege hy him by John Bardeen oan de Universiteit fan Illinois en wurke oan kwantumwells en kwantumwell-lasers.
Sûnt 2003 hâldt hy de titel John Bardeen Endowed Chair Professor foar Electrical and Computer Engineering and Physics oan de Universiteit fan Illinois yn Urbana-Champaign en ûndersiket hy manieren foar it produsearjen fan kwantumdot-lasers.
Yn 2003 waard hy ûnderskieden mei de IEEE Medal of Honor en yn 2015 krige er de Charles Stark Draper Prize "foar de útfining, it ûntjaan en kommersjalisearring fan materialen en prosessen foar ljochtjaande diodes (LEDs)."