New Delhi
New Delhi is de haadstêd fan Yndia. New Delhi is ek in gemeente en in distrikt fan it Nasjonaal Haadstêdlik Territorium fan Delhi, en foarmet mei de stêd Delhi en in oantal lytsere stêden ien steedlik gebiet. Meastentiids wurde yn Yndia de beide stêden tegearre Delhi neamd. De gemeente New Delhi hat in oerflak fan 42,7 km² en 294.783 ynwenners (2001[1]). It distrikt New Delhi hat in oerflak fan 35 km² en 171.806 ynwenners (2001[1]).
New Delhi / नई दिल्ली | ||
Fan boppe ôf mei de klok mei: Lotus Temple, Tombe fan Humayun, Connaught Place, Akshardham timpel en Yndiapoarte | ||
Bestjoer | ||
Lân | Yndia | |
Territoarium | Delhi | |
Distrikt | New Delhi | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 294.725 (2011) | |
Oerflak | 42,7 km² | |
Befolkingsticht. | 9.294/ km² | |
Stêdekloft | 13.850.507 | |
Hichte | 216 m | |
Oar | ||
Simmertiid | IST (UTC+5:30) |
Skiednis
bewurkje seksjeNew Delhi is yn 1912 troch de Britten stifte om de nije haadstêd fan Britsk-Ynje te wurden. De stêd wie offisjeel klear yn 1929 en waard yn 1931 as haadstêd yn gebrûk nomd. Fan 1912 - 1931 wie Delhi de tydlike haadstêd; oant 1912 wie Kalkutta de haadstêd.
Stedsbyld
bewurkje seksjeMeidat New Delhi in planmjittich oanleine Britske stêd is, hat de stêd in opfallend Britsk-koloniaal uterlik, dit yn tsjinstelling ta it folle gruttere en âldere Delhi. De stêd hat ek inkele grutte parken, nei Britsk foarbyld. It resultaat is dat de haadstêd fan Yndia it minste op in Yndiaaske stêd liket wat arsjitektuer en stedsplanning oanbelanget.
Bestjoer en yndieling
bewurkje seksjeDe gemeente New Delhi wurdt bestjoerd troch de New Delhi Municipal Council (NDMC). De gemeente New Delhi komt lykwols net hielendal oerien mei it lykneamde distrikt New Delhi. Neffens de folkstelling fan 2001 wenje der yn it distrikt New Delhi totaal 171.806 ynwenners,[2]. 157.881 dêrfan wenne yn de gemeente New Delhi en 13.925 yn de gemeente Delhi. De gemeente New Delhi is fierder ek ferspraat oer de distrikten Sintraal (3490 ynw.), Súdwest (89.943 ynw.) en Súd (43.469 ynw.).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|