Nije Katedraal (Salamanca)

De Nije Katedraal (Spaansk: Catedral Nueva) is tegearre mei de Alde Katedraal ien fan de twa katedralen fan it bisdom Salamanca yn Spanje. De katedraal waard tusken de 16e en de 18e iuw boud yn in kombinaasje fan goatyske en barokke styl. De bou sette yn 1513 yn opdracht fan Ferdinand V fan Kastylje útein en waard yn it jier 1733 ynwijd.

Nije Katedraal (Salamanca)
Lokaasje
lân Spanje
regio Kastylje en Leön
plak Salamanca
koördinaten 40° 57' N 5° 39' E
Tsjerklike gegevens
bisdom Salamanca
patroanhillige Marije-Himelfeart
Arsjitektuer
boujier 1513-1733
boustyl Gotyk en barok
Webside
Side fan de katedraal
Kaart
Nije Katedraal (Spanje)
Nije Katedraal

Sûnt 1887 is de katedraal in monumint fan nasjonaal belang.

Arsjitektuer bewurkje seksje

Mei de bou waard útein set doe't de goatyske styl út de moade rekke en de renêssânse yn opgong wie. Om't de nije katedraal it plak fan de âlde katedraal ynnimme soe en dêr boueleminten fan oernommen waarden, bleau de nijbou yn de 17e en 18e iuw goatysk fan karakter. Yn de 18e iuw waard der lykwols by twa boudielen brutsen mei de goatyske styl: de katedraal krige in barokke koepel boppe de krusing en ek de de klokketoer (oarspronklik ien fan de twa tuorren fan de Alde Katedraal) waard yn barokke styl ferhege oant 92 meter.

 
Ynterieur

De nije katedraal waard tsjin de noardlike muorre fan de âlde katedraal boud. De âlde katedraal bleau yn gebrûk foar de earetsjinst en soe eins ôfbrutsen wurde, mar dat beslút waard troch de lang boutiid nea útfierd. Twa fan de arsjitekten dy't wurken oan de bou fan de katedraal wiene yn 1538 Juan Gil de Hontañón en syn soan Rodrigo Gil de Hontañón.

It haadportaal bestiet út trije ryk fersierde bôgen, dy't nei de trije skippen fan de katedraal liede.

Ierdskodding fan Lissabon bewurkje seksje

De Ierdskodding fan Lissabon hie ek grutte gefolgen foar de katedraal fan Salamanca. De koepel moast renovearre wurde en de toer moast ûnder fersterke wurde mei nije muorren. De ramp wurdt yn Salamanca alle jierren op 31 oktober mei de Mariquelo-tradysje betocht, as ynwenners de koepel fan de katedraal beklimme om op it heechste punt fluit te pyljen en op in trommel te slaan.

Restauraasje 1992 bewurkje seksje

 
In faun mei in ijsko, moderne tafoeging yn 1992

Yn it ramt fan de restauraasje fan de katedraal yn 1992 is op guon plakken eigentiidsk byldhouwurk oan de gevel tafoege. Sa is in mytyske faun te sjen dy't in ijsko yt en in astronaut.

Ynterieur bewurkje seksje

It ynrjochting fan de katedraal en de 20 kapellen is foar it measte yn barokke styl.

It twamanualige oargel giet op in ynstrumint fan 1744 werom, dat troch Pedro Echevarría boud waard. Foar it lêst waard it ynstrumint yn 2006 restaurearre troch Joaquín Lois. It is ien fan de âldste oargels fan Kastylje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:New Cathedral of Salamanca