It Nijfrânsk is de histoaryske foarm fan it Frânsk sa't dat fan likernôch 1600 ôf sprutsen wurdt. Ta dit tiidrek heart û.m. de santjinde iuw, dy't de goudene iuw wie foar de Frânske literatuer, mei skriuwers as Pierre Corneille (1606-1684), Jean de la Fontaine (1621-1695), Jean Racine (1639-1699) en Molière, it pseudonym fan Jean-Baptiste Poquelin (1622-1673). Teffens waard yn 1635 troch de Frânske kardinaal en steatsman Richelieu de Académie française ("Frânske Akademy") oprjochte, dy't sûnt as foarnaamste doel hat it bestudearjen, behâlden en beskermjen fan 'e Frânske taal.


Dit artikel is in stobbe oer taal.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.