Nikolaas-Ugresjski Kleaster

(Trochferwiisd fan Nikolaas-Oegresja Kleaster)

It Nikolaas-Ugresjski kleaster (Russysk: Николо-Угрешский монастырь; Nikolo-Ugresjski Monastyr) is in stauropegiaal otterdoks kleaster foar manjlu yn 'e Russyske stêd Dzerzjink (Moskou oblast).

Nikolaas-Ugresjski kleaster
Николо-Угрешский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Moskou
plak Dzerzjinsk
koördinaten 55° 37' N 37° 50' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1380
oprjochter Dmitri Donskoj
opheffing 1925
weriepening 1990
Ynformaasje bou
boujier Benammen 19e iuw, weropbou en rekonstruksjes ein 20e iuw-begjin 21e iuw
sloopjier Yn de 20e iuw binne ûnder kommunistysk rezjym in soad gebouwen ôfbrutsen
boustyl Pseudo-russyske styl
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 501420758980006
Webside
ugresha.org
Kaart
Nikolaas-Ugresjski Kleaster (Moskou)
Nikolaas-Ugresjski Kleaster
Lokaasje fan it kleaster yn 'e oblast Moskou

Neffens de oerlevering waard it kleaster yn 1380 stifte troch grutfoarst Dmitri Donskoj. De otterdokse tradysje wol ha dat Donskoj him op it plak fan it kleaster ophold, foar't er op it slachfjild fan Koelikovo de troepen fan de Goude Heap fersloech. Foar de slach soe Donskoj ûnder it gebed de ikoan fan 'e hillige Nikolaas sjoen ha. Oertsjûge fan 'e oerwinning soe hy doe ugresja roppen ha, wat safolle sizze wol as "dit set myn hert yn 'e lôge". Nei de oerwinning kaam Donskoj werom en joech er opdracht om op itselde plak in kleaster te bouwen, dat as patroanhillige Nikolaas krige. Dat sil doe bestien ha út in samling houten gebouwen, sa't dat dêr doe wênst wie. De houten Nikolaaskatedral waard oan it begjin fan 'e 14e iuw ferfongen troch in stiennen tsjerke.

 
It kleaster yn 'e 17e iuw (Erik Palmqvist).

It kleaster waard yn 1521 by de oanfal op Moskou troch de troepen fan Mehmed I Girai folslein yn 'e jiske lein. Krekt lykas earder waard it kleaster gaueftich wer renovearre. Mei't de Romanovs oan 'e macht kamen, krige it kleaster gâns oansjen. Benammen tsaar Michael Fjodorovitsj en dêrnei Aleksej Michailovitsj droegen yn 'e 17e iuw in soad by oan 'e wolstân en ûntjouwing fan it kleaster. Yn 1680 waard it kleaster troch de noch jonge tsaar Peter I besocht. Nei it delslaan fan 'e opstân fan 'e Streltsy, waard it Ugresjskikleastser ien fan 'e plakken dêr't de rebellen finzen setten waarden.

It gyng it kleaster net altiten foar de wyn. Yn 1812 waard it kleaster oanfallen troch Napoleon's troepen. It kleaster waard doe foar in skoft beset troch in Frânsk detasjemint. Yn 1833 wennen der net in soad muontsen mear yn it kleaster en der wie sels praat om it mar op te heffen.

Nei in reorganisaasje fan it kleaster en in strikte ynfiering fan it monastike statút ûnder argimandryt Hilaris, dy't yn 1834 rektor fan it kleaster waard, ferbettere sawol de spirituele as de finansjele sitewaasje fan it slim fertutearzge kleaster stadichoan. It kleaster stie doe foar in nije bloei en it waard wer ien fan de meast respektearre kleasters fan it keizerryk. Tal fan nije gebouwen waarden boud. Tusken 1841 en 1843 waard de Nikolaaskatedraal neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Dmitri Borisov ferboud en yn 1880 waard de earste stien lein foar de bou fan de nije Transfiguraasjekatedraal, dy't yn 1894 yn gebrûk nommen waard.

 
Boutekening fan de nije Transfiguraasjekatedraal.

De lêste argimandryt fan it kleaster foar de delgong yn 'e bolsjewistyske tiid wie Makarius. Under syn bestjoer telde it kleaster mear as 150 bruorren. Dat tal begûn te sakjen, doe't fanwegen it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich in soad novisen yn tsjinst moasten.

Oktoberrevolúsje

bewurkje seksje

Nei de revolúsje krige it kleaster te meitsjen mei de antyreligieuze polityk fan 'e bolsjewiken. Op 4 augustus 1918 waard Makarius arrestearre en finzen set op beskuldiging fan kontrarevolúsje. Nei ferhoar troch de Tsjeka waard de argimandryt wer frij litten, op betingst dat er it kleaster net ferlitte soe. Regelmjittich brochten fertsjintwurdigers fan 'e nije oerheid in besite oan it kleaster om de geastlikheid te misledigjen en fernederjen. Om it kleaster foar opheffing te behoedzjen, liet Makarius it kleaster yn 1919 formeel feroarje yn in wurkmienskip. Op dat stuit telde de kleastermienskip noch mar fjirtich muontsen.

 
loftfoto fan it kompleks.

Sa bleau it kleaster oant 1925 as in kleaster funksionearjen, ek al hie it Folkskommisariaat fan Finânsjes yntusken al in bernekoloanje yn 'e kleastergebouwen ûnderbrocht. Wol hiene de bolsjewiken mei geweld yn 1922 de tsjerklike wearden konfiskearre en ek de argimandryt op 'e nij arrestearre. Yn 1925 folge de sluting fan alle tsjerken, útsein de Petrus- en Paulustsjerke, dy't noch in jier langer iepen bleau en dêrnei ek sletten waard. Sûnt dy tiid rekke Makarius slim siik. Hy ferstoar yn 1928 yn in doarp tichteby it kleaster. Syn begraffenis waard temûk holden en syn lêste rêstplak bleau geheim om it skeinen fan it grêf troch de ateïsten te foarkommen. Yn 2005 is it stoflik omskot fan 'e abt opgroeven en op 'e nij begroeven op it begraafplak fan it kleaster.

Yn 1924 waard de "Reade Bernestêd" op it kleasterterrein iepene. Dêrûnder foelen fjouwer weeshûzen. Sa'n 1300 dakleaze bern waarden nei it eardere kleaster deportearre en alle gebouwen kamen yn hannen fan 'e kommune. Op inisjatyf fan Feliks Dzerzjinski waard yn 1936 de koloanje ta in wurkkommune omfoarme. Alle tsjerken fan it eardere kleaster waarden foar de nije bestimming fernield of ferneatige. Yn 1940 waard de 16e-iuwske Nikolaaskatedraal sloopt en oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard de boppeferdjipping fan 'e klokketoer ôfbrusten.

Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der mear each foar de monumintale wearde fan it kompleks en sûnt de jierren 1970 waard der stadichoan in begjin makke mei restauraasje, mar it bleau by de Palestynske Muorre. Yn it kleaster wie in sikehûs foar pasjinten mei geslachts- en hûdsykten. Guon gebouwen waarden ek as wenhûzen brûkt. En fierder waarden de gebouwen brûkt as skoalle, rekreaasje- en opslachromten.

It ferrinnewearre en ferwoastge kleaster waard yn 1990 oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke werom jûn. Noch yn itselde jier waard der foar it earst wer, op 19 desimber, in Godlike Liturgy opdroegen. Stadichoan ferlieten alle net-religieuze organisaasjes it kompleks. Yn 1992 krige it kleaster de status fan in stauropegiaal kleaster. Yn 'e jierren dêrnei waarden de gebouwen wer renovearre en rekonstruearre. Sûnt 1998 is der ek in seminaarje. Ek binne der twa musea te finen yn it kleaster: ien museum is wijd ta oantinken fan tsaar Nikolaas II en yn it oare museum is in kolleksje tsjerklike keunst ûnderbrocht.

Namme Ofbyld Beskriuwing Foltôge yn
Nikolaaskatedraal en Transfiguraasjekatedraal   De lytse Nikolaaskatedraal (lofts op it ôfbyld) is oarspronklik de âldste tsjerke fan it kleasterkompleks. It ienkoepelige tsjerkegebou waard yn 'e 16e iuw boud en yn 'e 19e iuw ferboud. De Nikolaaskatedraal waard yn 1925 sletten en yn 1940 hielendal sloopt. Yn 'e jierren 2003-2006 folge de werbou fan 'e katedraal plak yn 16e-iuwske styl. Njonken de Nikolaaskatedraal stiet de Transfiguraasjekatedraal (rjochts), in foarse tsjerke yn pseudo-russyske styl, dy't tusken 1880 en 1894 neffens in ûntwerp fan Aleksander Stefanovitsj Kaminski boud waard om't de Nikolaaskatedraal te lyts woarn wie. De katedraal waard yn 1925 sletten en foar in oare bestimming ferboud en fernield. Yn 1991 waard de Transfiguraasjekatedraal wer iepene en dêrnei restaurearre.[1] 16e iuw en 1894
Marije fan Smertentsjerke   De Tsjerke fan 'et Ikoan fan de Treasteres "fan-elk-dy't-drôvich-is" is in gebou út 1857-1860 yn 'e midden fan 'e eastlike muorre fan it kompleks. Sletten yn 'e jierren 1920, renovearre yn 1999.[2] 1860
Kazantsjerke   De eklektyske Tsjerke fan de Ikoan fan 'e Mem-Gods-fan-Kazan is in fiifkoepelich gebou yn 'e súdeastlike hoeke fan it kleaster. De tsjerke waard yn 'e jierren 2000 restaurearre.[3] 1870
Petrus- en Paulustsjerke   De Petrus- en Paulustsjerke is in houten tsjerke yn it noardwestlike diel op it kleasterterrein. Fan alle tsjerken bleau de Petrus- en Paulustsjerke nei de Oktoberrevolúsje it langst iepen. Lang om let waard ek dy tsjerke sletten en ferboud. Yn 1995 is de tsjerke op 'e nij ynwijd. [4] 1857
Pimenovtsjerke   De Pimentsjerke is in nije tsjerke út de jierren 2001-2002 op it tsjerkhôf fan it kleaster. De tsjerke fertsjintwurdiget de Russyske tsjerke-arsjitektuer út de 12e iuw. [5] 2002
Untsliepenistsjerke   De Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hillige Jongfaam is in fjouwerkante tsjerke mei ien koepel. De barokke tsjerke waard yn 1925 sletten en yn 1991 op 'e nij iepene en renovearre. [6] 2002
Jehannes de Dopertsjerke   De Tsjerke fan 'e Unthalzing fan Jehannes de Doper leit op 'e twadde ferdjipping fan de yn 1858-1859 op 'e nij boude klokketoer. De boppeste ferdjippings fan 'e toer waarden yn 1941 sloopt en binne yn 'e jierren 2002-2003 wer opboud.[7] 1761
Passytsjerke   De Tsjerke fan 'e Passy fan 'e Hear stiet yn it west fan it kleaster. It is in lytse, tinteoarmige tsjerke op basis fan 16e-iuwske stylfoarmen. De tsjerke waard yn de jierren 2003-2004 boud.[8][9] 2004

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Оптина пустынь