Nikolaaskleaster (Rylsk)

It Nikolaaskleaster fan Rylsk is in otterdoksk kleasterkompleks yn de Russyske regio Koersk. It is it iennige kleaster fan de regio Koersk dat as kompleks bewarre bleau.

Nikolaaskleaster fan Rylsk

Рыльский Никольский мужской монастырь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Koersk
plak Rylsk
koördinaten 51° 35' N 34° 41' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 18e iuw
boustyl barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 461520236820006
offisjele webside
Side fan it Nikolaaskleaster

It kleaster stiet yn it noarden fan Rylsk, oan de oare kant fan it rivierke de Rylo. Wannear't it stifte waard is net bekend, de âldste fermelding datearret út 1505. Yn de rin fan de tiid waard it ferskate kearen ferneatige.

De tsjintwurdige gebouwen stamme foar it grutste part út de 18e iuw, doe't de houten tsjerken ferfongen waarden troch stiennen tsjerken. Ek de kleastermuorre mei tuorkes en de klokketoer (1740) datearje fan dy tiid.

 
It kleaster yn 1912

Yn 1824 besocht tsaar Aleksander I it kleaster.

Under de weach fan maatregels tsjin de Russysk-Otterdokse Tsjerke fan it ateïstyske rezjym waard it kleaster yn 1925 (oare boarnen 1926) sletten foar de earetsjinst. Dútske troepen besetten de gebouwen fan 5 oktober 1941 oant 30 augustus 1943. De arsjitektuer fan de yn styl fan de Russyske en Oekraynske barok boude tsjerken hat yn de Sovjet-tiid slim te lijen hân.

Op 17 juny 1991 waard it kleaster werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke en al sûnt 16 oktober 1991 waard der útein set mei de fiering fan tsjinsten yn de Nikolaaskathedraal. Sûnt wurdt it skansearre kompleks restaurearre.

  • Nikolaaskathedraal (1753)
  • Krúsferheffingstsjerke (1733)
  • Trije-ienheidstsjerke (1747-1751)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Николаевский монастырь (Рыльск)