Nina Agdal (26 maart 1992) is in Deensk fotomodel en mannekên, dy't karriêre makke hat yn 'e Feriene Steaten. Hja briek yn 2012 troch doe't hja foar de jierlikse baaikleanedysje fan it tydskrift Sports Illustrated posearre.

Nina Agdal
model
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Deensk
berne 26 maart 1992
berteplak ? (Denemark)
etnisiteit Deensk
wurkpaad
soarte model mannekên, fotomodel
jierren aktyf ±2010 – no
offisjele webside
gjint

Karriêre bewurkje seksje

Agdal groeide op yn it Deenske Hillerød, dat noardlik fan 'e haadstêd Kopenhagen op it eilân Seelân leit. Neffens har offisjele opjefte is se 1.76 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en de maten 82-60-90 (yn sm). Hja stiet ûnder kontrakt by Elite Model Management, en hat as mannekên wurksum west foar Billabong, Leonisa, Banana Moon Swimwear, Macy's, Frederick's of Hollywood en Victoria's Secret.

Yn 2012 wurke Agdal foar it earst as fotomodel foar de jierlikse baaikleanedysje fan it foaroansteande Amerikaanske sportblêd Sports Illustrated, en dêrmei waard se sa populêr dat S.I. har neitiid ta Rookie of the Year ("Grientsje fan it Jier") beneamde. Yn 2013 spile Agdal yn in reklamespotsje foar Carl's Jr./Hardee's dat yn it skoft fan 'e Super Bowl, it wichtichste Amerikaanske sportbarren fan it jier, útstjoerd waard. Dêrmei trêde hja yn 'e fuotleasten fan ferneamde modellen as Kim Kardashian, Paris Hilton en Kate Upton. Yn 2014 stie Agdal mei Chrissy Teigen en Lily Aldridge op 'e omslach fan 'e 50ste jubileumedysje fan 'e Sports Illustrated Swimsuit Issue.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.