Noardlik Filharmonysk Orkest
It Noardelik Filharmonysk Orkest wie in profesjoneel symfonyorkest en siet yn Grins. It orkest is yn 1989 fusearre mei it Frysk Orkest ta it Noard Nederlânsk Orkest (NNO).
De foarrinder fan it Noardlik Filharmonysk Orkest wie it earste symfonyorkest yn de sted Grins, it Orchest der Vereeniging De Harmonie, oprjochte yn 1862 as ûnderdiel fan de eartiidske soasjeteit De Harmonie. Yn 1926 waard it orkest selsstannich en gie fierder as de Groninger Orkest Vereniging (GOV). Yn 1961 waard de namme fan it orkest feroare yn Noordelijk Filharmonisch Orkest.
Sjef-diriginten
bewurkje seksje- 1862-1865: Maurice Hageman
- 1865-1867: Carl Eisner
- 1867-1897: Johannes Bekker
- 1897-1905: Marius van 't Kruys
- 1905-1910: Peter van Anrooy
- 1910-1945: Kor Kuiler
- 1945-1961: Jan van Epenhuysen (twadde dirigint sûnt 1942)
- 1961-1964: Roelof Krol (waarnimmend)
- 1964-1989: Charles de Wolff
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|