Noardlike Sjajinne Stamme

De Noardlike Sjajinne Stamme (Ingelsk: Northern Cheyenne Tribe) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Montana.

Noardlike Sjajinne Stamme
Ingelsk Northern Cheyenne Tribe
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Montana
haadkertier Lame Deer (Montana)
etnisiteit Noardlike Sjajinnen
ledetal 10.000 (2014)
oprjochting 1884
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Noardlik Sjajinne Yndianeres.
lokaasje súdeastlik Montana en
    westlik Súd-Dakota
oerflak 1.831,1 km²
ynwennertal 6.800 (2013)
offisjele webside
www.cheyennenation.com
kaart
Noardlike Sjajinne Stamme (Montana)
Noardlike Sjajinne Stamme
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Montana.

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1884, hie yn 2014 10.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Lame Deer, yn Montana. De leden besteane út etnyske Sjajinnen (Cheyenne) fan 'e substamme fan 'e Noardlike Sjajinnen.

It reservaat fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme is it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (Northern Cheyenne Indian Reservation) fan súdeastlik Montana, dat oarspronklik it Tongue River Yndianereservaat hiet. Dêr wennen yn 2013 likernôch 6.800 minsken, wêrfan't sa'n 6.200 (of 91%) Yndianen wiene en rom 4.900 (of 72,8%) leden fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme.

Behalven dy lêsten en sa'n 600 blanken wennen der ek 1.300 oare Yndianen yn it reservaat; dat binne almeast Sjajinnen dy't net lid binne fan 'e stamme-organisaasje en Krieën (it Noardlike Sjajinne Reservaat grinzget yn it westen oan it Krieë Yndianereservaat). It Noardlike Sjajinne Reservaat hat in oerflak fan goed 1.800 km², wêrfan't de grutte mearderheid, 98%, yn Sjajinske hannen is (yn 'e measte reservaten yn 'e Feriene Steaten leit dat persintaazje ûnder de 50%).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.